It ferhaal oer Heliodoarus, earste minister fan kening Seleukus IV
1Yn ’e tiid dat troch de frommens fan hegepryster Onías en troch syn hate tsjin it kwea it folk fan ’e hillige stêd yn alle frede libje koe en de wetten sa krekt mooglik ûnderhâlden waarden, 2kaam it foar, dat ek de keningen it hillige stee yn eare hâlden en mei de rykste jeften de gloarje fan ’e timpel noch grutter makken. 3Sa betelle Seleukus, de kening fan Asia, bygelyks út eigen bûse alle kosten dy’t der makke waarden foar de offertsjinst.
4Mar ien of oare Simon út ’e stam Balgéa, dy’t ta administrateur fan ’e timpel beneamd wie, rekke yn tsjok waar mei de hegepryster oer it merkebehear yn ’e stêd. 5Doe’t er it net fan Onías winne koe, gong er nei Apolloanius fan Tarsus, dy’t doedestiids steedhâlder wie fan Coele-Syrië en Fenisië; 6hy fertelde him, dat de skatkeamer fan de timpel yn Jeruzalem fol siet mei net te beneamen rykdommen, dat it jild fan ’e kontribúsjes net te tellen wie, folle mear as wat de offertsjinst ferge. Dêr koe de kening bêst beslach op lizze, sei er. 7Doe’t Apolloanius de kening te wurd kaam, brocht er him oer, wat er fan dy rykdommen heard hie. De kening helle syn earste minister Heliodoarus derby en stjoerde dy derop ôf om dy skatten op te heljen. 8Heliodoarus sette op slach ôf, sabeare foar in besyk oan ’e stêden yn Coele-Syrië en Fenisië, mar yn wierhied om te dwaan wat de kening yn ’e holle hie.
9Doe’t er yn Jeruzalem oankommen en freonlik troch de hegepryster fan ’e stêd ûntfongen wie, brocht er op ’t aljemint, wat se him ferteld hienen, en hy sei rûnút, wêr’t er foar kommen wie. Hy woe witte, oft dat allegearre wier wie. 10De hegepryster lei út, dat it hjir om fûnsen gong, dy’t foar wezen en widdowen bewarre waarden, 11en dat der ek wat by wie fan Hyrkanus, de soan fan Tobías, in man dy’t heech yn oansjen stie. De som wie net sa grut as de goddeleaze Simon harren wysmakke hie, sei er, der wie mei-inoar foar fjouwerhûndert talinten oan sulver en foar twahûndert oan goud. 12It soe troch alles hinne wêze, sei er fierder, en taast it rjocht oan fan minsken dy’t alle fertrouwen steld hienen yn de hillichheid fan it stee en yn de heechheid en de ûnskeinberens fan de oer de hiele wrâld ferneamde timpel. 13Mar Heliodoarus sei, dat it hjir om in keninklik befel gong en dat it jild perfoarst yn ’e keninklike skatkiste komme moast.
14Hy stelde in dei en gong doe de timpel yn om alles op te nimmen. Underwilens rekke de hiele stêd net in bytsje yn ûnstjoer. 15De prysters lieten har yn har prysterklean foar it alter op ’e grûn falle en rôpen God oan, dy’t de wet op ’e fûnsen makke hie, en bidden, dat it jild bewarre bliuwe soe foar dy’t it de timpel tabetroud hienen. 16Wa’t de hegepryster seach, moast it wol oandeare: syn wêzen en syn bleke kleur wie wol oan te sjen, hoe’t er ynwindich yn spanning siet. 17Ut hiel syn wêzen wie op te meitsjen, hoe oerstjoer dat er wie; hy skodde deroer. Foar dy’t him sa seagen, wie it mear as dúdlik, hoe oandien dat er wie. 18Hals oer de kop stoden de lju de huzen út en yn grutte kloften kamen se byinoar om te bidden, no’t se oankommen seagen, dat de timpel skeind wurde soe. 19De strjitten rekken fol froulju mei ûnder de boarsten sekkeguod om ’e lea. Jongfammen dy’t oars yn ’e hûs bliuwe moasten, rûnen allegear de doar út: guon nei de poarten, oaren gongen op ’e muorre stean en wer oaren hongen ta de finsters út. 20Se stutsen allegearre de hannen smekend omheech nei de himel. 21It wie in griis om te sjen: al dat folk trochinoar en foaroer op ’e grûn en de hegepryster yn deadseangst om wat komme soe. 22Se smeekten de almachtige Hear om fan ’e tabetroude skatten neat ôfnimme te litten en se feilich te bewarjen foar dy’t se dêr belein hienen.
23Mar Heliodoarus besocht klear te krijen, wat er yn ’t sin hie. 24Hy wie mei syn liifwacht al by de skatkeamer. Doe liet de Behearsker fan ’e geasten en fan al wat macht hat, Him yn al syn geweldichheid sjen; dat elk dy’t it weage hie dêr mei Heliodoarus te kommen, ferlear alle macht en moed. Sa sloech de skrik foar Gods macht deryn. 25Se seagen in hynder mei in ferskriklike ruter. It bist wie prachtich optúgd. It stode fûleindich op Heliodoarus ôf en sloech mei de foarpoaten nei him. De ruter hie sa’t like in gouden wapentoai. 26Der kamen noch twa oaren by, jongkeardels dy’t izersterk en glânzich wienen en prachtich yn ’e klean. Se gongen oan wjerskanten fan Heliodoarus stean en rânselen him ôf, oan ien wei troch. De slaggen hagelen op him del. 27Ynienen foel er op ’e grûn. It waard piktsjuster om him hinne. Se namen him op en leinen him op in berje. 28Sa waard de man fuortbrocht, dy’t niis noch mei grut gefolch en syn hiele liifwacht de skatkeamer yngien wie; no koed er neat mear út ’e wei sette mei syn wapens. Hy wie Gods macht dúdlik gewaarwurden. 29Dêr lei er en koe gjin wurd útbringe, sûnder ek mar in blinkje hoop op behâld; sa hie God him slein.
30De Joaden prizen de Hear, dy’t it hillich stee dizze eare dien hie. De timpel dy’t krekt lyn noch fol wie fan eangst en frees, wie no hast te lyts foar de blydskip en it gejubel, omdat de almachtige Hear sa tuskenbeiden kommen wie. 31Al gau fregen in pear fan Heliodoarus syn mannen Onías, oft er de Allerheechste oanroppe woe om sadwaande it libben te sparjen fan ’e man dy’t noch mar amper sykhelle. 32De hegepryster, bang dat de kening wolris tinke koe, dat de Joaden mei Heliodoarus in smoarge streek úthelle hienen, brocht in offer foar it behâld fan ’e man. 33Wylst de hegepryster dwaande wie mei it offer, ferskynden deselde jongkeardels wer foar Heliodoarus, mei deselde klean oan. Se bleauwen by him stean en seinen: Jo meie hegepryster Onías wol tige tankber wêze, want om him hat de Hear jo it libben hâlde litten. 34It gong fan ’e himel út, dat jo sa ôfrânsele binne. Jo moatte no oan alle minsken de gruttens fan Gods macht ferkundigje. Nei’t se dat sein hienen, waarden se samar wei.
35Heliodoarus brocht God in offer en die Him de grutste ûnthjittings foar it rêden fan syn libben. Doe naam er ôfskie fan Onías en teach mei syn leger nei de kening. 36Elkenien die er ferslach fan ’e wûnderdieden fan de allerheechste God; mei eigen eagen hied er it sjoen. 37Doe’t de kening Heliodoarus frege, wa’t him no krekt de geskikte man talike om in oare kear nei Jeruzalem ta te stjoeren, sei er: 38As jo in fijân hawwe of in oproermakker, dan moatte jo dy derhinne stjoere. As jo him weromkrije, hat er in bêst wan hân; as er it libben der teminsten ôfrêdt. Der is sûnder mis in godlike krêft oan it wurk op dat stee. 39God sels, dy’t yn ’e himel wennet, hâldt dêr de wacht oer en stiet der noed foar. Dy’t dêr komme en kwea yn ’t sin hawwe, dy slacht en ferdylget Er. 40En dat is dan it ferhaal oer Heliodoarus en de rêding fan ’e skatkeamer.