De oalje fan ’e widdo
1De frou fan ien fan ’e profetelearlingen rôp Eliza oan om help. Hja sei: Jo tsjinner, myn man, is stoarn en josels witte, hoe’t jo tsjinner de Heare tsjinne. No is de skuldeasker kommen en wol myn beide bern as syn slaven meinimme. 2Eliza sei tsjin har: Ja, wat soe ik foar jo dwaan kinne? Fertel my ris, wat hawwe jo noch yn ’e hûs? Hja sei: Jo tsjinstfaam hat oars net yn ’e hûs as in krûkje oalje. 3Hy sei: Gean derop út de strjitte lâns en freegje by al jo buorlju potten en pannen, lege potten en pannen, net te min. 4Gean dan yn ’e hûs, doch de doar achter jo en jo soannen ticht en begjin yn al dy potten en pannen te jitten. En as der wer ien fol is, set dy dan oan ’e kant.
5Sa gong se by him wei. Doe’t se de doar achter har en har soannen ticht dien hie, wienen dy al mar oan it bysetten en sy geat mar troch. 6Doe’t alle potten en pannen fol wienen en hja tsjin har soan sei: Set der noch ien by, sei hy: Der is gjin ien mear. En de oaljestream stie stil. 7Doe’t se by de godsman kaam om it te fertellen, sei dy: Gean hinne, ferkeapje fan ’e oalje en meitsje jo skulden lyk en fan it oare kinne jo en jo soannen libje.
In frou yn Sjûnem krijt noch in bern
8Op in dei wie Eliza op trochreis te Sjûnem. Dêr wenne in tige fername frou, dy’t him derop oanstie om by harren te iten. En sa faak as er op trochreis wie, gong er dêrhinne te iten. 9Doe sei se tsjin har man: Sjoch, ik fernim dat it in hillige godsman is, dy’t hjir iderkear by ús oankomt. 10Lit ús no in lytse mitsele opkeamer op it dak meitsje en him dêr in bêd, in tafel, in stoel en in lampe delsette. Dan kin er dêr, as er by ús komt, altyd syn ûntwyk hawwe. 11Doe’t er dan wer ris by har oankaam, krige er dat opkeammerke as ûntwyk en om der te sliepen. 12Hy sei tsjin Gechazy, syn tsjinner: Rop dy Sjûnemityske frou hjir ris. Hy rôp har en hja kaam foar him te stean. 13Hy hie al tsjin Gechazy sein: Sis tsjin har: Sjoch, jo hawwe safolle foar ús dien mei al dizze dingen. Wat kin ik no foar jo dwaan? In goed wurdsje by de kening of by de legerkommandant? Mar hja sei: Ik wenje by eigen folk.
14Doe sei er: Wat kinne wy dan foar har dwaan? Gechazy sei: It is begrutlik, dat se gjin soan hat en har man is al âld. 15Dêrop sei er: Rop har. Hy rôp har dus en sy stie yn ’e doar. 16Hy sei: Takomme jier om dizze tiid sille jo in soan yn ’e earmen hâlde. Hja sei: O nee, mynhear de godsman, meitsje jo tsjinstfaam neat wiis. 17Mar de frou waard swier en krige it oare jier in bern op ’e selde tiid as Eliza har sein hie.
De ferstoarne jonge wer libben
18Doe’t de jonge al wat grutter waard en hy ris mei syn heit it fjild yn wie by de sichters, 19rôp er tsjin syn heit: Myn holle, myn holle! Dy sei tsjin in feint: Bring him nei syn mem. 20Dy droech him en kaam mei him by syn mem en nei’t er oan ’e middei ta by har op ’e skurte sitten hie, stoar er. 21Hja gong nei boppen en lei him del op it bêd fan ’e godsman. Doe die se de doar achter him ticht en gong nei bûten. 22Se rôp har man en sei: Stjoer dochs in feint en in ezelinne foar my, dan kin ik noch hurd hin-en-wer nei de godsman. 23Hy frege: Wêrom wolsto hjoed noch nei him ta? It is dochs gjin nije moanne of sabbat? Hja sei: It is wol yn oarder. 24Doe’t se de ezelinne seale hie, sei se tsjin har feint: Jei him flink oan en lit my krektsalang trochride oant ik it dy sis.
25Sa gong se op reis nei de godsman op ’e berch Karmel. Doe’t de godsman har fan fierren seach, sei er tsjin syn feint Gechazy: Sjochdêr, de frou út Sjûnem. 26Gean har gau yn ’e mjitte en freegje har: Is it goed mei jo en jo man en mei de jonge? Hja sei fan ja. 27Mar doe’t se by de godsman op ’e berch wie, pakte se him stiif by de fuotten beet. Gechazy kaam tichterby om har werom te triuwen. Mar de godsman sei: Lit har mar, want se hat in grut fertriet, al hat de Heare it foar my ferburgen hâlden en it my net te witten dien. 28Hja sei: Haw ik mynhear soms om in bern frege? En haw ik net sein: Meitsje my dochs neat wiis? 29Doe sei er tsjin Gechazy: Doch de mulriem om, nim myn stôk yn ’e hân en gean op wei. Asto ien tsjinkomst, groetsje him net, en as ien dy groetsje wol, jou him gjin antwurd. En lis myn stôk op it gesicht fan ’e jonge. 30En de jonge syn mem sei: Sa wier as de Heare en josels libje, ik gean net by jo wei. Doe kaam er oerein en gong mei har.
31Gechazy wie harren foarút rûn en lei de jonge de stôk op it gesicht, mar der kaam gjin lûd en gjin beweging. Dêrom gong er werom, him yn ’e mjitte en fertelde him: It jonkje is net wekker wurden. 32Doe’t Eliza by it hûs kaam en it jonkje dêr dea op syn bêd lei 33gong er deryn, die de doar achter har beiden ticht en bidde ta de Heare. 34Dêrnei gong er boppe op ’e jonge lizzen; hy die de mûle op syn mûle, de eagen op syn eagen, de hannen op syn hannen en lei oer him hinne, dat it lichem fan it bern waarm waard. 35Hy kaam oerein en nei’t er it hûs ien kear op en del rûn wie, gong er nochris nei boppen om op him te lizzen. Doe prûste it jonkje sân kear achter elkoar en die de eagen wiid iepen. 36Eliza rôp tsjin Gechazy: Rop dy Sjûnemityske frou! Dy rôp har en se kaam by him. Hy sei: Nim jo soan mar mei. 37Hja kaam en foel foar syn fuotten del, bûgde oan ’e grûn ta en naam doe har soan mei, de keamer út.
De dea sit yn ’e pôt
38Doe’t Eliza wer ris te Gilgal wie en der breakrapte yn it lân wie, sieten de profetelearlingen foar him oer. Hy sei tsjin syn tsjinners: Set de grutste pôt op om sop foar de profetelearlingen te sieden. 39No wie der ien it fjild yn om griente te sykjen en dy hie in wylde slingerplant fûn, dêr’t er in skurtefol kwintappels ôfsocht. By it thúskommen snie er se yn ’e pôt, want hja wisten net wat it wie. 40Dêrnei skepten se foar de mannen op om te iten. Mar se wienen noch mar krekt oan it iten, of se rôpen: De dea sit yn ’e pôt, godsman. En se koenen der net mear fan ite. 41Hy sei lykwols: Helje mar wat moal. Dat smiet er yn ’e pôt en sei: Skep no mar wer op foar it folk om te iten. Doe wie der neat ferkeards mear yn ’e pôt.
Hûndert man krije sêd
42Der is ek noch ris in man út Baäl-Saliza kommen. Dy brocht de godsman yn syn tas earstelingsbrea, tweintich koarnbreaën en wat farsk nôt. Eliza sei: Jou dat it folk mar te iten. 43Mar syn tsjinner sei: Hoe kin ik dit oan hûndert man foarsette? Hy sei: Jou it it folk dochs te iten, want dit hat de Heare te sizzen: Se sille ite en oerhâlde. 44Doe hat er it har foarset en hja ieten en hâlden oer sa’t de Heare sein hie.