De himelfeart fan Elía
1Doe’t de Heare Elía yn in stoarm yn ’e himel opnimme woe, barde dit: 2Elía gong mei Eliza út Gilgal wei en Elía sei tsjin Eliza: Bliuw hjir dochs, want de Heare hat my nei Bet-El tastjoerd. Eliza sei: Sa wier as de Heare libbet en josels libje, ik gean net by jo wei. Doe gongen se de wei del nei Bet-El. 3De profetelearlingen út Bet-El kamen op Eliza ta en seinen tsjin him: Witte jo wol, dat de Heare hjoed jo master boppe jo holle wei opnimme sil? Hy sei: Ik wit it ek wol. Stil mar.
4En Elía sei tsjin Eliza: Bliuw hjir dochs, want de Heare hat my nei Jericho stjoerd. Eliza sei: Sa wier as de Heare en josels libje, ik gean net by jo wei. Doe gongen se nei Jericho. 5De profetelearlingen fan Jericho kamen by Eliza en seinen tsjin him: Witte jo wol, dat de Heare hjoed jo master boppe jo holle wei opnimme sil? Hy sei: Ik wit it wol. Stil mar.
6En Elía sei tsjin him: Bliuw hjir dochs, want de Heare hat my nei de Jordaan stjoerd. Hy sei: Sa wier as de Heare en jo sels libje, ik gean net by jo wei. Doe gongen se tegearre fierder. 7In fyftich man fan ’e profetelearlingen wienen meigien en bleauwen foar har oer op in ôfstân stean, doe’t se tegearre by de Jordaan stean bleauwen. 8Elía naam syn mantel, rôle dy op en sloech op it wetter, dat faninoar spjalte. En oer de sânige grûn stieken se oer. 9Sadree’t se oerstutsen wienen, sei Elía tsjin Eliza: Doch in winsk; wat moat ik foar dy dwaan, ear’t ik by dy weinommen wurd? Eliza sei: Lit my dan in earstlingspart fan jo geast ervje meie. 10Elía sei: Dêr fregest noch al wat! No, asto sjochst, hoe’t ik by dy weinommen wurd, dan silsto it krije. Mar oars bart it net.
11En doe, wylst hja fierder gongen, al rinnende en pratendewei, dêr wie in wein fan fjoer en hynders fan fjoer; dy makke skieding tusken har beiden! Sa fear Elía yn in stoarm op nei de himel. 12Eliza seach it en rôp: O heit, o heit, wein en ruters fan Israel! En doe’t er him net mear sjen koe, pakte er syn klean beet en skuorde dy yn twa stikken. 13Doe griep er de mantel, dy’t fan Elía ôffallen wie, gong werom en bleau oan ’e kant fan ’e Jordaan stean. 14Hy tilde de mantel, dy’t fan Elía ôffallen wie, omheech en sloech op it wetter mei de wurden: Wêr is Hy, de God fan Elía? Doe’t er it wetter sloech, spjalte it ek foar him faninoar, dat Eliza koe oerstekke.
15De profetelearlingen, dy’t op in ôfstân stienen, seagen him en seinen: De geast fan Elía rêst op Eliza! Se kamen him yn ’e mjitte en bûgden foar him oan ’e grûn ta. 16Hja seinen tsjin him: Sjoch, der binne by jo tsjinners wol in fyftich fikse keardels. Lit se dochs hinnegean en sykje jo master. Mooglik hat de Geast fan de Heare him opnommen en op in berch of yn in delling smiten. Hy sei: Jimme hoege se net út te stjoeren. 17Mar doe’t se oanhâlden op it ûnbeskamsume ôf, sei er: Stjoer se der dan mar op út. En hja stjoerden fyftich man, dy’t trije dagen sochten en neat fûnen. 18Doe’t se wer by him werom kamen, wylst er noch yn Jericho tahâlde, sei er tsjin har: Hie ik it jimme net sein: Jim hoege net te gean?
Eliza docht twa tekens
19De mannen fan ’e stêd seinen tsjin Eliza: Sjoch, it wennet hjir goed yn ’e stêd, sa’t mynhear sjocht, mar it wetter is ferkeard en de grûnaard bringt misdracht mei. 20Doe sei er: Bring my in nije panne en doch der sâlt yn. Dy brochten se him. 21Dêrnei gong er nei de wetterwelle en smiet it sâlt deryn en sei: Dit hat de Heare te sizzen: Ik haw it wetter better makke, der sil gjin dea of misdracht mear út fuortkomme. 22En it wetter waard sûn en sa is it hjoed-de-dei noch, krekt sa’t Eliza sein hie.
23Dêr gong er wei nei Bet-El en doe’t er de wei omheech gong, kamen der lytse jonges út ’e stêd, dy’t him de gek oanstieken en him neirôpen: Stiich mar op, kealkop, stiich mar op, kealkop! 24Hy draaide him om, seach har oan en ferflokte har yn ’e namme fan de Heare. Twa bearen kamen út ’e bosk en ferskuorden twaënfjirtich fan dy bern. 25Hy lykwols gong nei de berch Karmel en dêrwei werom nei Samaria.