Achaz fan Juda
1Yn it santjinde jier fan Pêkach, de soan fan Remalja, waard Achaz, de soan fan kening Jotam fan Juda, kening. 2Achaz wie tweintich jier, doe’t er oan it regear kaam en hy hat sechstjin jier regearre te Jeruzalem. Hy die net sa’t de Heare, syn God, it hawwe woe, lykas syn foarfaar David, 3mar, hy gong de wei fan ’e keningen fan Israel. Ja, hy liet syn soan de fjoerwijing ûndergean, sa’t de folken dienen, dy’t de Heare foar Israel út ferdreaun hie. 4Hy slachte en offere op ’e offerhichten en heuvels en ûnder elke griene beam. 5Kening Resin fan Aram kaam doe mei Pêkach, de soan fan Remalja, de kening fan Israel, om tsjin him te fjochtsjen. Se brochten Achaz wol yn ’e knipe, mar koenen him yn ’e striid net oer.
6Yn dyselde tiid wûn kening Resin fan Aram Elat wer foar Aram werom en jage de Judeeërs út Elat wei. Doe binne de Edomiten nei Elat kommen en hawwe dêr wenne oan hjoed-de-dei ta. 7Dêrom stjoerde Achaz boaden nei kening Tiglat-Pilêser fan Assyrië mei dit fersyk: Jo tsjinner en soan wol ik wêze. Kom dochs en ferlos my út ’e macht fan ’e kening fan Aram en út ’e macht fan ’e kening fan Israel, dy’t op my los kommen binne. 8Achaz naam it sulver en goud út ’e timpel en út ’e skatkeamers fan it paleis en stjoerde it as in geskink oan ’e kening fan Assyrië. 9De kening fan Assyrië harke nei him en triek op tsjin Damaskus, naam it yn, fierde de befolking yn ballingskip nei Kir en hy deade Resin.
10Doe reizge kening Achaz nei Damaskus om Tiglat-Pilêser te moetsjen. Nei’t er it alter, dat dêr yn Damaskus wie, sjoen hie, stjoerde kening Achaz oan ’e pryster Oería tekening en bestek fan it alter, krektsa’t it makke wie. 11En pryster Oería boude sa’n alter. Alhiel neffens de opdracht fan kening Achaz út Damaskus wei, hat pryster Oería it makke, tsjin ’e tiid dat kening Achaz út Damaskus weromkomme soe. 12Doe’t kening Achaz út Damaskus kaam en it alter seach, gong er dêrhinne, 13klom derop en stiek syn brânoffer en moaloffer oan, geat syn drankoffer út en sprinkele it bloed fan syn mienskipsoffers op it alter. 14It brûnzen alter foar it antlit fan de Heare liet er fersette fan ’e foarside fan it hûs tusken it nije alter en de timpel wei nei de noardkant fan it alterplak. 15En kening Achaz joech pryster Oería de opdracht: Stek op it grutte alter it moarnsbrânoffer oan en it jûntiidsmoaloffer, allyksa it keninklik brânoffer en moaloffer, fierder fan alle minsken út it lân it brânoffer, it moaloffer en de drankoffers. Sprinkelje dêr ek alle bloed fan it brânoffer en fleisoffer op. Mar it brûnzen alter dat sil ik brûke om in godlike útspraak te krijen. 16Pryster Oería die alhiel sa’t kening Achaz him opdroegen hie.
17Kening Achaz sloopte de dekplaten fan ’e ûnderstellen en naam dêr ek de bekkens ôf. De see tilde er fan ’e brûnzen kij, dy’t derûnder stienen en sette him del op in stiennen flier. 18It sabbatsferwulft, dat se tsjin ’e timpel oanboud hienen en de bûtenste keninklike tagong hat er ek fan ’e timpel weibrutsen, allegearre om it de kening fan Assyrië nei ’t sin te meitsjen.
19It fierdere fan ’e skiednis fan Achaz, wat er dien hat, dat stiet wol beskreaun yn it boek fan ’e kroniken fan ’e keningen fan Juda. 20Achaz is rêst mei syn foarfaars en waard by syn foarfaars begroeven yn ’e Davidsstêd en syn soan Hizkía folge him op.