1Om’t wy no sokke beloften hawwe, bêste freonen, lit ús ússels dan suverje fan alles dat it lichem of de geast besmette kin, en lit ús fol ûntsach foar God it wurk fan ús hilliging dien meitsje.
Paulus’ blydskip oer it berou fan ’e gemeente
2Jou ús de romte yn jimme herten. Wy hawwe gjinien ûnrjocht dien, gjinien om hals brocht, gjinien eksploitearre. 3Ik sis soks net om jimme te feroardieljen. Al earder haw ik sein, dat ik jimme yn myn hert sletten haw om ien te wêzen by libben en by stjerren. 4Tige frijmoedich gean ik mei jimme om, tige sprek ik fan jimme. Ik bin fol treast en rin oer fan blydskip, by al ús benearing.
5Doe’t wy ommers yn Masedoanië kamen, waarden wy fan ûnrêst fitere en wy wienen fan alle kanten beneare: rûzjes om ús hinne, noeden yn ús hert. 6Mar God, dy’t de fersleinen treastet, hat ús ek treaste troch Titus syn kommen. 7En net allinne troch syn kommen, mar ek troch de treast dy’t er te jimmes ûnderfûn hie. Hy fertelde ús, hoe’t jimme nei my longerje, hoe’t jimme treurje en hoe’t jimme foar my iverje. Dat ik waard noch blider. 8As ik jimme al fertriet dien haw troch myn brief, dan haw ik dêr gjin spyt fan. Hie ik der al spyt fan hân, – want ik sjoch dat dy brief jimme, al wie it mar foar in skoftke, fertriet dien hat, – 9no bin ik dochs bliid. Net om’t jimme fertriet hân hawwe, mar om’t it fertriet jimme ta bekearing brocht hat. Jimme fertriet wie sa’t God dat hawwe wol, en sa hawwe jim yn gjin ding skea fan ús hân. 10Want it fertriet sa’t God it hawwe wol, bringt bekearing ta behâld, dêr’t men noait spyt fan hat, mar it fertriet fan ’e wrâld bringt de dea.
11Sjochris wat dat fertriet sa’t God dat hawwe wol, by jimme útwurke hat: wat hawwe jimme de saak earnstich nommen, ja, jimme sels ûntskuldige; wat wienen jimme lilk en fol ûntsach; wat hienen jimme in langst nei my en in iver om te straffen. Oer alle boegen hawwe jimme bliken jûn, dat jimme suver steane yn dizze saak. 12Dêrom, ik haw jimme wol skreaun, mar dat wie net om him dy’t ûnrjocht dien hie of om him dy’t ûnrjocht ûndergien hie. Nee, mar ik woe, dat it jimme sels foar Gods eagen dúdlik wurde soe, hoe iverich jimme foar ús binne. 13Dêrtroch hawwe wy ek treast krige.
Dêr kaam noch oerhinne de helte grutter blydskip om de blydskip fan Titus: allegearre hawwe jimme him opfleure. 14Ik hie by him wol wat sprutsen fan jimme, mar ik bin dêr net beskamme mei weikommen. Sa’t alles wat wy jimme sein hawwe, wier wie, sa is ek ús opsprekken oer jimme by Titus wier makke. 15En hy is jimme nammerstemear tagedien, as er betinkt, hoe’t jimme allegearre nei him harke hawwe, hoe’t jimme him mei djip ûntsach ûntfongen hawwe. 16Ik bin bliid, dat ik folslein op jim oan kin.