2 Korintiërs 4
De skat yn stiennen krûken
1Dêrom jouwe wy de moed net oer, om’t God sa goed west hat en jou ús dy tsjinst. 2Mar wy hawwe ôfweefd mei de dingen dêr’t men jin foar skamje moat en dy’t men dêrom ferburgen hâldt. Wy geane net mei glûpskens te wurk en ferfalskje it wurd fan God net. Dat wy de wierheid oan it ljocht bringe, dêr kinne de minsken krekt oan sjen, dat wy ús sels oanpriizje foar Gods eagen. 3As der al in kape leit oer it bliid boadskip dat wy bringe, dan allinnich foar harren, dy’t ferlern geane; 4foar harren wa’t de god fan dizze wrâld it betinken ferbline hat, nammentlik fan ’e ûnleauwigen, sadat se it ljocht net sjogge fan it bliid boadskip dat sprekt fan ’e hearlikheid fan Kristus, dy’t it byld fan God is. 5Want wy ferkundigje net ússels, mar Jezus Kristus as Hear en ússels as jimme tsjinners om Jezus’ wil! 6Want deselde God, dy’t sein hat: ljocht sil skine út it tsjuster, is ús as ljocht yn it hert opgien, om de kennisse fan syn hearlikheid strielje te litten op it antlit fan Kristus.
7Mar wy drage dizze skat mei yn stiennen krûken, dat dúdlik is, dat de einleaze krêft fan God komt en net fan ús. 8Wy wurde fan alle kanten beneare, mar wy rinne dochs net fêst; wy hawwe ferlet fan rie, mar binne net ús rie te’n ein; 9wy wurde ferfolge, mar net oan ús lot oerlitten; wy wurde delslein, mar komme net om. 10Alle dagen weroan drage wy it stjerren fan Jezus yn it lichem mei, dat ek it libben fan Jezus yn ús lichem dúdlik blike mei. 11Want aloan wurde wy, wylst wy noch libje, oan ’e dea oerlevere om Jezus’ wil, dat ek it libben fan Jezus yn ús stjerlik bestean klear blike mei. 12Sa docht dan de dea syn wurk yn ús, mar it libben yn jimme.
13Der stiet skreaun: Ik haw leaud, dêrom haw ik sprutsen. Wy hawwe datselde slach leauwen: It stiet mei ús dus krekt sa: Wy leauwe, dêrom sprekke wy ek. 14Want wy witte, dat Hy, dy’t de Heare Jezus út ’e deaden opwekke hat, ek ús mei Jezus opwekje sil en mei jimme by Him bringe. 15Want dat bart allegearre foar jimme: as de genede oanwaakst, sille ek wat langer wat mear ferlosten aloan mear tank bringe ta eare fan God.
Libje troch it leauwen
16Dêrom ferlieze wy de moed net; mar al reitsje wy kristenen uterlik yn it ferfal, inerlik wurde wy dei oan dei fernijd. 17Want de benearing dy’t wy no hawwe, is mar licht en duorret mar koart en moat net lykje by wat dy ús bringt: in oerfloed fan hearlikheid, dy’t boppe alles giet en ivich duorret. 18Underwilens hâlde wy as doel foar eagen net de dingen dy’t men sjocht, mar dy’t men net sjocht; want wat men sjocht is mar foar in tiid, mar wat men net sjocht bliuwt ivich.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap