It besyk fan ’e keninginne fan Skeba
1Doe hearde de keninginne fan Skeba hoe’n rop der fan Salomo gong. Om Salomo mei riedsels te hifkjen kaam se nei Jeruzalem ta mei in tige grutte staasje en mei kamielen dy’t krûderijen oantôgen en gâns goud en edelstiennen. Sa kaam se by Salomo en redendielde mei him oer alles wat se op ’t hert hie. 2Al har fragen koe Salomo antwurd op jaan; gjin ding wie foar Salomo sa tsjuster, of hy wist der rie op. 3Doe’t de keninginne fan Skeba seach hoe wiis Salomo wie, en hoe’n hûs as er boud hie, 4wat iten der by him op tafel kaam, hoe’t syn hovelingen har opstelden, hoe’t syn lakeien en syn skinkers der yn har livrei by stienen, en doe’t se de stoepen seach dêr’t er by opgong nei it hûs fan de Heare, doe wie se der finaal ôf. 5Hja sei tsjin ’e kening: It is dus de suvere wierheid, wat ik yn myn lân heard haw oer jo dwaan en litten en oer jo wysheid. 6Mar ik haw dat praat net leauwe wollen, oant ik sels kommen bin en it mei eigen eagen sjoen haw. En wier, de helte fan jo grutte wysheid wie my net trochdien; jo geane de rom dêr’t ik fan heard hie, fier te boppe. 7Wat in gelok foar jo mannen en foar dizze tsjinners fan jo, dat se aloan by jo yn tsjinst steane en jo wysheid oanhearre meie. 8Heech te priizjen is de Heare, jo God, dy’t sa wiis mei jo wie, dat Er jo op syn troan set hat as syn kening. Om’t jo God Israel sa leaf hat, dat Er it foar altyd yn stân hâlde wol, dêrom hat Er jo as kening oer Israel steld om rjocht en gerjochtichheid te dwaan. 9Doe joech se de kening 120 talinten goud en in hiele partij krûderijen en edelstiennen. Krûderij sa’t de keninginne fan Skeba oan Salomo joech, dêr koe gjin oare by lykje.
10De farrenslju fan Chiram en Salomo syn feinten dy’t it goud út Ofir hellen, fierden ek sandelhout en edelstiennen oan. 11Fan dat hout makke de kening treppen foar de timpel fan de Heare en foar it keninklik paleis, en lieren en harpen foar de sjongers; soks hienen se yn it lân fan Juda noch net earder sjoen. 12Fan syn kant joech kening Salomo oan de keninginne fan Skeba wêr’t se sin oan hie en wat se mar frege, mear as wat hja foar de kening meinommen hie. Dêrnei gong se mei har gefolch wer nei har lân.
De rykdom fan Salomo
13It gewicht oan goud dat yn ien jier by Salomo ynkaam, wie 666 talinten, 14wat de kreamers en keaplju oanfierden net meirekkene. Alle keningen fan Arabië en de steedhâlders yn it eigen lân brochten Salomo ek goud en sulver.
15Kening Salomo makke 200 skylden fan plette goud; foar elk skyld brûkte er 600 sikkel; 16en ek noch 300 lytse skylden fan plette goud; foar elk skyld brûkte er 300 sikkel. Dy skylden sette de kening yn it Libanon-wâldhûs.
17Fierders makke de kening in grutte ivoaren troan en besloech dy mei kleare goud. 18Seis treppen hie dy troan en achter op ’e troan wie in gouden laam; de troansit hie oan wjerskanten leunings mei twa steande liuwen dernjonken 19en tolf steande liuwen oan wjerskanten nêst de treppen. Sokssawat is foar gjin inkeld keninkryk oait makke.
20Al it drinkensreau fan kening Salomo wie fan goud; alle reau yn it Libanon-wâldhûs wie ek fan kleare goud. Sulver wie gjin tel yn ’e tiid fan Salomo, 21want kening Salomo hie skippen dy’t op Tarsjisj foeren mei folk fan Chûram as skippers; ien kear yn ’e trije jier kamen dy skippen fan Tarsjisj werom mei in fracht goud en sulver, ivoar, apen en pauwen. 22Sa stiek kening Salomo boppe alle keningen fan dy tiid út, sawol yn rykdom as yn wysheid. 23Alle keningen fan ’e wrâld woenen graach har opwachting by Salomo meitsje, om te hearren hoe’n grutte wysheid God him ynjûn hie, 24en allegearre namen se in jefte foar him mei: sulverguod of goudguod, klean, wapens, krûderijen, hynders en ezels, alle jierren troch.
25Fierders hie Salomo 4000 stallen foar hynders en weinen en 12.000 ruters, dy’t er yn ’e weinstêden legere of by him yn Jeruzalem. 26Hy hie hearskippij oer alle keningen fan ’e Eufraat ôf oan it lân fan ’e Filistinen en de Egyptyske grins ta. 27De kening makke, dat sulver yn Jeruzalem like gewoan wie as stiennen, en sederhout as de wylde figebeammen yn it Leechlân. 28Syn hynders krige Salomo út Misraïm en alle oare lannen.
29De skiednis fan Salomo út earder en letter tiid stiet fierder wol beskreaun yn ’e histoarje fan ’e profeet Natan, yn ’e profesij fan Achía, de Sjilonyt, en yn ’e fizioenen fan ’e sjenner Jedo, dy’t geane oer Jerobeäm, de soan fan Nebat.
Salomo syn dea
30Sa hat Salomo te Jeruzalem fjirtich jier lang oer hiele Israel regearre. 31Doe is er rêst mei syn foarfaars. Se begroeven him yn ’e stêd fan syn heit David en syn soan Rechabeäm folge him op.