De ynwijing fan ’e timpel
1Doe’t Salomo it bidden dien hie, kaam der fjoer fan ’e himel en fertarde it brânoffer en de fleisoffers; en de hearlikheid fan de Heare naam it hiele hûs yn beslach. 2De prysters koenen it hûs fan de Heare net ynkomme, omdat de hearlikheid fan de Heare it hiele hûs yn beslach nommen hie. 3Doe’t de Israeliten seagen, dat it fjoer delkaam en de hearlikheid fan de Heare oer it hiele hûs wie, foelen se allegearre op ’e knibbels mei it gesicht nei de grûn oer de stiennen flier, en se oanbeaën en loven de Heare, want Hy is goed, syn goedens is de ein fan wei.
4De kening en it hiele folk wienen oanienwei dwaande fleisoffers te bringen foar it antlit fan de Heare. 5Kening Salomo brocht oan fleisoffers 22.000 kij en 120.000 skiep. Dêrmei wijden se Gods hûs yn, de kening en it hiele folk. 6Wilens stienen de prysters op har post en lieten de leviten mei it spylark dat kening David makke hie om de Heare te loovjen, Davids lofsang hearre: ‘Syn goedens is de ein fan wei.’ Foar harren oer blaasden de prysters op ’e trompetten en hiele Israel stie derby oerein. 7Salomo makke fan it middenstik fan it timpelfoarhôf in hillige romte: dêr makke er de brânoffers en it fet fan ’e tankoffers ree, om’t it brûnzen alter dat Salomo makke hie, it brânoffer, it moaloffer en it fet net hâlde koe.
8Om dy tiid hâlde Salomo it Huttefeest, sân dagen lang, en hiele Israel mei him, in tige grutte gemeente, fan ’e yngong nei Hamat ôf oan ’e beek fan Egypte ta. 9En op ’e achtste dei hâlden se it slotfeest, want de ynwijing fan it alter hienen se in wike oer dien, en it hie in wike lang feest west. 10Op ’e trijeëntweintichste dei fan ’e sânde moanne liet er it folk nei har tinten weromgean. Se wienen bliid en woltemoed om al it goede dat de Heare David en Salomo en syn folk Israel dien hie.
De Heare ferskynt op ’en nij oan Salomo
11Sa krige Salomo de timpel fan de Heare en it keninklik paleis klear en de hiele ynrjochting dêrfan, sa’t er dy yn ’e holle hân hie, brocht er ta in goed ein.
12Doe ferskynde de Heare de nachts oan Salomo en sei tsjin him: Ik haw dyn gebed heard en Ik haw My dit hûs útkeazen as in offerstee. 13As Ik de himel ôfslút, dat it net reine wol, en as Ik de sprinkhoannen hjit om it lân keal te fretten, of as Ik de pest op myn folk ôfstjoer 14en se meitsje har lyts, – Myn folk dêr’t myn namme oan ferbûn is –, en se bidde en sykje myn antlit en se keare har fan it ferkearde paad ôf, dan sil Ik út ’e himel wei hearre en har sûnde ferjaan en har lân der wer boppe-op bringe. 15Tenei wol Ik mei iepen each en opmerksum ear it gebed achtslaan, dat op dit plak dien wurdt. 16Sa haw Ik dan dit hûs as hillichdom útkeazen, dat myn namme dêr ivich wêze mei. Myn eagen en myn hert sille dêr alle dagen tahâlde. 17Wat dysels oanbelanget, asto foar myn antlit libbest sa’t jim heit David dien hat, en alles dochst wat Ik dy hjitten haw, en myn foarskriften en rjochtsregels yn acht nimst, 18dan sil Ik dyn keningstroan fêstichheid jaan. Dêr haw Ik my ta ferbûn foar jimme heit David oer, doe’t Ik sei: Altydtroch sil ien fan dines oer Israel hearskje. 19Mar mochten jimme jim ôfkeare en myn foarskriften en geboaden dy’t Ik jim foarhâlden haw, loslitte, en jim soenen hinnegean en tsjinje oare goaden, 20dan sil Ik jim út myn lân weiskuorre, dat Ik jim jûn haw, en dit hûs, dat Ik foar myn hillige namme makke haw, sil Ik foar myn eagen weidwaan en meitsje dat alle folken der skoof en skande fan sprekke. 21Ja, dit hûs, dat sa heech ferheven wie – elkenien dy’t foarbykomt sil him deroer besauwe en sizze: Wêrom hat de Heare dit lân en dit hûs soks oandien? 22En it antwurd sil wêze: Om’t se de Heare, de God fan har foarfaars, dy’t har út Egypte weihelle hie, ferlitten hawwe om har mei oare goaden ôf te jaan en dy te oanbidden en te tsjinjen; dêrom hat Er al dit ûnheil oer har brocht.