De reformaasje fan Josjía
1Josjía wie acht jier doe’t er oan it regear kaam. Ienentritich jier hat er te Jeruzalem regearre. 2Hy die sa’t de Heare it hawwe woe en gong de wei fan syn foarfaar David en wykte dêr net fan ôf noch nei rjochts noch nei links. 3It wie yn it achtste jier fan syn regear – hy wie doe noch mar in jongfeint – dat er begûn mei de God fan syn foarfaar David te tsjinjen. Yn it tolfte jier begûn er Juda en Jeruzalem te suverjen fan ’e offerhichten en fan ’e wijde beammen en fan ’e houde en getten bylden. 4Foar syn eagen reagen se de Baälsalters om, en de wijreek-standers dy’t dêr boppe-op stienen, sloech er stikken; de wijde beammen en de houde en getten bylden sloech er oan grús en dat grús struide er út op ’e grêven fan ’e lju dy’t derfoar offere hienen. 5De bonken fan ’e prysters ferbrânde er op har alters; sa suvere hy Juda en Jeruzalem. 6Ek yn ’e stêden fan Manasse, Efraïm en Simeön, sels yn dy fan Naftaly, dêr’t it rûnom yn pún lei, 7reage er de alters en de wijde beammen om. De houde bylden sloech er oan grús en alle wijreek-standers houde er om yn it hiele lân Israel. Doe gong er wer nei Jeruzalem ta.
8Yn it achttjinde jier fan syn regear, nei’t er lân en timpel suvere hie, stjoerde er Sjafan, de soan fan Asalja en Maäseja, de stedskommandant, en Joäch, de soan fan Joächaz, de kânselier, om it hûs fan syn God de Heare wer yn syn âlde steat te bringen. 9Dy gongen nei hegepryster Chilkía ta en barden it jild dat yn Gods hûs brocht wie en dat de leviten, de drompelwachters, byinoar krige hienen. Dat jild kaam út Manasse en Efraïm en út wat der noch fan Israel oer wie, en út hiele Juda en Benjamin en fan ’e ynwenners fan Jeruzalem; 10dat joegen se de útfierders yn hannen, dy’t it opsicht hienen oer it wurk oan ’e timpel, en dy joegen it wer oan ’e útfierders dy’t oan ’e timpel arbeiden om dy syn ûnderhâld te jaan en dy wer yn syn âlde steat te bringen. 11Dy joegen it oan ’e timmerlju en de mitselders om berchstien te keapjen en hout foar it byntwurk en foar de dakbalken yn ’e gebouwen dy’t de keningen fan Juda útsloere litten hienen. 12Dy mannen wienen betrouber yn har wurk. As opsichters wienen oer harren steld: de leviten Jachat en Obadja fan de Mearariten; en Sekarja en Mesjûlam fan de Kehatiten. Dy hienen dus de lieding. Alle leviten dy’t ferstân hienen fan muzykynstruminten 13stienen oer de oandragers en hienen de lieding oer alle wurkfolk fan alle ûnderdielen. Fan ’e leviten wienen ek noch guon skriuwer, amtsman of poartewachter.
It wetboek wurdt fûn
14Mei’t se it jild dat yn ’e timpel brocht wie, foar it ljocht hellen, fûn Chilkía it boek mei de wet fan de Heare, dy’t Mozes jûn hie. 15Chilkía sei der dit fan tsjin skriuwer Sjafan: Ik haw it wetboek fûn yn ’e timpel. Chilkía joech it boek oan Sjafan., 16Sjafan brocht it boek nei de kening, en die ferslach: Alles wat jo tsjinners opdroegen wie, hawwe se dien; 17it jild dat yn ’e timpel te finen wie, hawwe se byinoar dien en de opsichters en de útfierders fan it wurk yn hannen jûn. 18Skriuwer Sjafan fernijde de kening doe, dat pryster Chilkía him in boek jûn hie. En Sjafan lies de kening der út foar. 19Doe’t de kening de wurden fan ’e wet hearde, skuorde er syn klean stikken. 20Hy joech Chilkía, Achikam, de soan fan Sjafan, Abdon, de soan fan Micha, skriuwer Sjafan en Asaja, de kening syn tsjinner, dizze opdracht: 21Gean hinne en freegje de Heare foar my en foar wat der noch oan folk yn Israel en Juda oer is, om in útspraak oer de wurden fan it boek dat fûn is. Want de grime fan de Heare tsjin ús moat wol heech oplôge wêze, om’t ús foarfaars it wurd fan de Heare net yn acht nommen hawwe en net dien hawwe, al wat yn dit boek beskreaun stiet.
22Doe gongen Chilkía en de mannen dy’t de kening oanwiisd hie, nei profetesse Chûlda, de frou fan kleanbewarder Sjallûm, de soan fan Tokhat, de soan fan Chasra. Dy frou wenne yn ’e nijbou fan Jeruzalem. Doe’t se der sa mei har oer praten, 23sei se tsjin harren: Dit hat de Heare, de God fan Israel te sizzen: Sis tsjin de man dy’t jimme nei My tastjoerd hat: 24De Heare seit: Sjoch, Ik sil ûnheil bringe oer dit plak en oer de lju dy’t der wenje, ja, alle ferflokkings dy’t beskreaun steane yn it boek dat se de kening fan Juda foarlêzen hawwe. 25Om’t se har fan My ôfkeard en oare goaden rûkoffers brocht hawwe en My sadwaande terge hawwe, dêrom sil myn grime oplôgje tsjin dit stee en dy giet net wer út. 26Mar tsjin de kening fan Juda, dy’t jimme stjoerd hat om de Heare om in útspraak te freegjen, moatte jimme sizze: Dit har de Heare, de God fan Israel te sizzen: Wat de dingen oanbelanget dysto heard hast – 27no, omdat it dij yn it moed taast hat en omdatsto dy lyts makke hast foar Gods eagen, doesto syn wurden tsjin dit stee en tsjin de minsken hjir heardest; – omdatsto dy lyts makke hast foar myn eagen, dij de klean stikken skuord en foar myn eagen skriemd hast, dêrom haw Ik fan myn kant ek harkje wollen – is de godsspraak fan de Heare. 28Sjoch Ik sil dy mei dyn foarfaars ferienigje en do silst mei frede yn dyn grêf byset wurde en dyn eagen sille neat sjen fan al dy slimme dingen dy’t Ik oer dit stee en oer de minsken hjir komme lit. Dat antwurd brochten se de kening oer.
De wet wurdt foarlêzen
29Doe stjoerde de kening boaden út en rôp alle âldsten fan Juda en Jeruzalem byinoar. 30De kening gong op nei de timpel, hy en elkenien yn Juda, de ynwenners fan Jeruzalem, de prysters en de leviten, en it hiele folk, lyts en grut; dêr lies er harren it ferbûnsboek, dat yn ’e timpel fûn wie, wurd foar wurd foar. 31De kening stie op syn ferheging en foar it antlit fan de Heare ferbûn hy him derta, dat se tenei de Heare folgje soenen en har mei hert en siel hâlde oan syn geboaden, oarderingen en foarskriften, en sa de wurden fan it ferbûn dy’t yn dat boek beskreaun stienen, folslein neikomme soenen. 32Hy liet al wa’t mar yn Jeruzalem en yn Benjamin te finen wie, yn dat ferbûn opnimme; en de ynwenners fan Jeruzalem hâlden har oan de ferplichtings fan it godlik ferbûn, it ferbûn mei de God fan har foarfaars. 33Yn alle lannen dy’t fan ’e Israeliten wienen, romme Josjía alle grouwélichheden op. Al wa’t mar yn Israel te finen wie, ferplichte er om har God, de Heare, te tsjinjen. Salang’t hy libbe, binne se der net fan ôfwykt en hawwe se de Heare, de God fan har foarfaars, folge.