2 Kroniken 14
Asa syn foarspoed en oerwinning
1Asa die wat goed wie en sa’t syn God, de Heare, it hawwe woe. 2Want hy romme de frjemde alters en de offerhichten op, sloech de wijde stiennen stikken en houde de wijde peallen om. 3Hy sei tsjin ’e Judeeërs, se soenen de Heare, de God fan har foarfaars, tsjinje en wet en gebod neikomme. 4Ut alle stêden fan Juda romme er de offerhichten en de sinnepylders op. En it ryk hie rêst ûnder syn regear. 5Hy koe yn Juda wer festingstêden bouwe, om’t it lân frede hie. Yn dy jierren waard der gjin oarloch tsjin him fierd, want de Heare joech him rêst. 6Dêrom sei er tsjin Juda: Lit ús dizze stêden bouwe en der muorren mei tuorren omhinne sette en poarten mei skoattels. It lân is uzes bleaun, want wy hawwe de Heare, ús God, mei ynmoed tsjinne en Hy hat ús rûnom rêst jûn. Sa bouden se en brochten it ta in goed ein. 7Asa hie in legermacht út Juda fan 300 tûzenskippen dy’t skyld en spear droegen, en út Benjamin 280 tûzenskippen dy’t in lyts skyld droegen en de bôge spanne koenen; dat wienen allegearre moedige striders.
8Sêrach, de Kûsjyt teach tsjin harren op mei in leger fan tûzen tûzenskippen en trijehûndert striidweinen. Hy wie al oan Marésja ta kommen. 9Asa teach him yn ’e mjitte. Hja stelden har yn slachoarder op yn ’e delling fan Sefata by Marésja. 10Doe rôp Asa syn God, de Heare, oan en sei: Heare, bûten Jo is der net ien dy’t helpe kin, as it giet tusken de sterke en de swakke. Help ús dan, Heare, ús God, want op Jo steune wy en yn jo namme binne wy tsjin dizze binde opkommen; Heare, ús God, lit gjin mins it tsjin Jo hâlde kinne. 11Doe liet de Heare Asa en de Judeeërs de Kûsjiten ferslaan en dy sloegen op ’e flecht. 12Asa en syn mannen setten har achternei oan Gearar ta. Der foelen fan ’e Kûsjiten safolle, dat der wie foar har gjin hâlden oan, want de Heare en syn leger hienen harren ferplettere. Asa en syn mannen tôgen in ûnwitten grutte bút mei. 13Se namen alle stêden om Gearar hinne yn, want dêr wie de skrik foar de Heare oer kommen. Se plonderen al dy stêden leech en dêr wie hiel wat te plonderjen. 14De tinten mei fee namen se ek en se makken gâns in keppel skiep en kamielen bút. Sa gongen se werom nei Jeruzalem.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap