2 Kroniken 1
Salomo bidt om wysheid
1Salomo, de soan fan David, naam as kening de leie fêst yn hannen. Syn God, de Heare stie him by en makke him tige machtich. 2Salomo stjoerde in oprop oan hiele Israel, oan ’e haden fan tûzenskippen en hûndertskippen, oan ’e rjochters en oan alle foarsten fan hiele Israel, te witten de haden fan ’e stamhuzen. 3Doe gongen se nei de offerhichte te Gibeön, Salomo en de hiele gemeente mei him. Want dêr stie de tinte fan ’e moeting mei God, dy’t Mozes, de tsjinstfeint fan de Heare, yn ’e woestyn makke hie. 4No hie David wol Gods arke fan Kirjat-Jeärim oerbrocht nei it plak dat hy derfoar yn oarder brocht hie – David hie der ommers in tinte foar opset te Jeruzalem – 5mar it brûnzen alter dat Besaleël, de soan fan Oery, de soan fan Chûr, makke hie, stie noch altyd foar de tintwenning fan de Heare. Dêr woenen Salomo en de gemeente Him earje. 6Salomo offere dêr foar it antlit fan de Heare op it brûnzen alter dat by de tinte fan ’e moeting hearde: hy brocht dêr 1000 brânoffers.
7Dy nachts ferskynde God oan Salomo en sei tsjin him: Freegje mar; wat moat Ik dy jaan? 8Doe antwurde Salomo God: Jo hawwe foar ús heit David tige goedgeunstich west en Jo hawwe my op syn plak as kening steld. 9No dan, God myn Heare, meitsje jo tasizzing oan ús heit David wier. Jo hawwe my ommers kening makke oer in folk sa machtich as it stof fan ’e ierde. 10Jou my dan wysheid en kennisse, dat ik dit folk rjochtfeardich bestjoer. Want wa soe dit grutte folk, dat Jowes is, bestjoere kinne? 11Doe sei God tsjin Salomo: Omdat dyn hert dy krekt dit ynjûn hat, omdatsto net om rykdom, skatten, eare of it libben fan dyn haters frege hast, ja net iens om in lang libben foar dysels, omdatsto allinne om wysheid en kennisse frege hast om myn folk te bestjoeren, it folk dêr’t Ik dy kening oer makke haw, 12dêrom sis Ik: Dy wysheid en kennisse wurde dy jûn. Boppedat jou Ik dy rykdom en skatten en eare, sa’t gjin kening foar dij dy hân hat en sa’t gjin kening nei dij se hawwe sil. 13Doe gong Salomo foar de tinte fan ’e moeting wei en fan ’e offerhichte te Gibeön wer nei Jeruzalem ta. Hy regearre oer Israel.
Salomo syn rykdom en macht
14Salomo brocht weinen en ruters byinoar, oant er 1400 weinen en 12.000 ruters hie. Hy legere dy yn weinstêden en by him yn Jeruzalem. 15De kening makke, dat sulver en goud yn Jeruzalem like gewoan waarden as stiennen en de sederbeammen like machtich as de wylde figebeammen yn it Leechlân. 16Hynders krige kening Salomo út Misraïm en Kewé. Syn keaplju hellen se út Kewé foar de jildende priis. 17In wein út Misraïm kaam by ynfier yn Israel op 600 sikkel, en in hynder op 150. De levering oan de keningen fan ’e Hetiten en dy fan Aram rûn ek oer harren.
Lêste tarieding foar de timpelbou
18Doe joech Salomo bestel om in tempel ta eare fan de Heare syn namme en in keninklik paleis foar himsels te setten.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap