God ropt Samuël
1De jongfeint Samuël tsjinne de Heare ûnder Ely. No wie der yn dy dagen mar selden ien dy’t ris in iepenbiering fan de Heare krige: in fizioen kaam mar inkeldris foar.
2Op in dei hie Ely him deljûn op syn gewoane plak. De eagen begûnen him sa min te wurden, dat hy koe net mear sjen. 3Gods lampe wie noch net útgien en Samuël hie him deljûn yn ’e timpel fan de Heare, dêr’t Gods arke wie. 4Doe rôp de Heare Samuël en dy sei: Hjir bin ’k! 5Dêrop rûn er hastich nei Ely en sei: Hjir bin ’k al, want jo hawwe my roppen. Mar dy sei: Ik haw net roppen. Jou dy mar wer del. Doe gong er fuort en joech him del. 6Mar de Heare rôp Samuël op ’en nij. Samuël gong derôf, rûn nei Ely en sei: Hjir bin ’k al, want jo hawwe my roppen. Mar dy sei: Ik haw dy net roppen, myn jonge; jou dy mar wer del. 7No koe Samuël de Heare noch net út eigen ûnderfining en der wie him ek noch net in wurd fan de Heare iepenbiere.
8Mar de Heare rôp Samuël op ’en nij, no foar de tredde kear. Hy gong derôf, rûn nei Ely en sei: Hjir bin ’k al, want jo hawwe my roppen. Doe krige Ely foar it ferstân, dat de Heare de jongfeint rôp. 9Dat Ely sei tsjin Samuël: Gean hinne en jou dy del. En as Hy dy dan wer ropt, sis dan: Sprek, Heare, want jo tsjinstfeint harket. Doe gong Samuël fuort en joech him wer op syn plak del. 10Doe kaam de Heare, gong by him stean en rôp lykas de oare kearen: Samuël, Samuël! En Samuël sei: Sprek mar, want jo tsjinstfeint harket.
11Dêrop sei de Heare tsjin Samuël: Sjoch, Ik bin mei wat dwaande yn Israel, dêr’t elk dy’t derfan heart, raar fan opharkje sil. 12Dy deis sil Ik oer Ely alles wat Ik oer syn hûs sein haw, komme litte, fan it begjin ôf oan ’e ein ta. 13Ik haw him oansein dat Ik syn hûs foar altyd rjochtsje sil, fanwegen de ûngerjochtichheid dêr’t er fan wist, nammentlik dat syn soannen in flok oer har helle hawwe en dat hy har dêr net oer waarnommen hat. 14Dêrom haw Ik it hûs fan Ely sward: Yn der ivichheid sil de skuld fan Ely’s hûs net soend wurde troch fleisoffers of moaloffers.
15Samuël bleau oant de moarns ta lizzen. Doe die er de doarren fan it hûs fan de Heare iepen, mar hy seach der tsjinoan om dizze ferskining oan Ely te fertellen. 16Doe rôp Ely Samuël. Hy sei: Samuël, myn jonge! En dy sei: Hjir bin ik. 17Ely sei: Wat hat Hy tsjin dy sein? Hâld it dochs net stil foar my. God sil dy wit wat dwaan en noch helte mear, asto in wurd achterhâldst fan alles dat Hy tsjin dy sprutsen hat. 18Doe brocht Samuël him alles oer en hâlde neat achter. Ely sei: It is de Heare. Lit Him dwaan sa’t it Him goed taliket.
19Sa woeks Samuël op. De Heare wie mei him en liet neat oergean fan wat Er sein hie. 20Dat hiele Israel, fan Dan oant Beër-Sjêba ta, waard gewaar, dat Samuël betrouber wie as profeet fan de Heare. 21Dêrnei ferskynde de Heare faker yn Sjilo. Want Hy iepenbiere Himsels yn Sjilo oan Samuël, troch mei him te sprekken.