1 Samuël 21
1Doe gong David fuort en Jonatan kaam yn ’e stêd oan.
David te Nob
2Mar David kaam oan te Nob by pryster Achimêlek. Achimêlek kaam David bang yn ’e mjitte en sei tsjin him: Wêrom komme jo allinne en is der net ien by jo? 3David sei tsjin pryster Achimêlek: De kening hat my wat opdroegen en tsjin my sein: Gjinien mei witte fan ’e saak dêr’t ik dy foar útstjoer en dy’t ik dy opdroegen haw. Dat sadwaande haw ik de jonges hjitten nei it ien of oare plak te gean. 4Mar no, wat hawwe jo by de hân? Jou my fiif breaën mei, of wat der mar is. 5De pryster antwurde David: Gewoan brea haw ik net by de hân. Der is wol hillich brea. As de jonges no mar net by de froulju west ha.
6David antwurde de pryster: Nee, froulju binne ús ûntsein. Oars as ik derop útgong wienen de manlju hillich nei it lichem. En dat wie dan noch mar in gewoane tocht. Nammerste mear binne se hjoed hillich fan lichem. 7Doe joech de pryster him hillich brea, want dêr wie oars gjin brea as de toanbreaën, dy’t geregeld foar it antlit fan de Heare weinommen wurde en op ’e dei dat se der weihelle wurde, troch farsk brea ferfongen.
8No wie dêr dy deis ien fan Sauls feinten, dy’t dêr by de Heare ophâlden waard. Hy hiet Doëg, de Edomyt en wie foarman fan Saul syn hoeders. 9David sei tsjin Achimêlek: Hawwe jo hjir net in spear of swurd by de hân? Want de saak fan ’e kening hie sa’n haast, dat ik sels myn swurd of wapenrissing net meinommen haw. 10De pryster sei: It swurd fan Goliat de Filistyn, dy’t jo ferslein hawwe yn ’e Terebintedelling hinget hjir, yn in doek bewuolle, achter de efod. As jo dat nimme wolle, nim it dan, want in oar is hjir net. David sei: Der is gjin twadden sa. Jou it my!
David by Akisj
11Doe sette David ôf en naaide dyselde deis út foar Saul. Hy kaam oan by Akisj, de kening fan Gat. 12Doe seinen de feinten fan Akisj tsjin him: Is dat David net, de kening fan it lân? Hy is it dochs fan wa’t hja yn rigen, yn wikselsang songen:
Saul hat syn tûzenen ferslein,
mar David syn tsientûzenen?
13David printe himsels dy wurden goed yn en waard tige bang foar kening Akisj, kening fan Gat. 14Dat hy die yn har bywêzen as wied er net wiis. Hy stelde him, doe’t se him yn hannen hienen, as gek oan: hy klaude op ’e poartedoarren om en liet de flibe yn it burd rinne. 15Doe sei Akisj tsjin syn feinten: Jim sjogge dochs wol dat dy man net goed by syn ferstân is? Wêrom hawwe jim him dan by my brocht? 16Haw ik soms gjin gekken genôch, dat jimme dy kearel by my brocht hawwe om tsjin my te kear te gean? Wat moat sa’n ien by my yn ’e hûs?
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap