Skriuwer, lêzers, groetnis
1Fan Petrus, apostel fan Jezus Kristus, oan Gods útkeazen folk, dat yn ’e frjemdte tahâldt en fersille is oer Pontus, Galatië, Kappadoasië, Asia en Bitinië, 2en dat troch God de Heit ornearre is om, hillige troch de Geast, nei Jezus Kristus te harkjen en mei syn bloed besprinkele te wurden.
Dat genede en frede jimme aloan riker jûn wurde mei.
Kristus, ús hope
3Heech te priizjen is de God en Heit fan ús Hear Jezus Kristus. Yn syn grutte barmhertichheid hat Er nije minsken fan ú makke troch de ferrizenis fan Jezus Kristus út ’e deaden. Sa hawwe wy in libbene hope 4en in erfskip, dat net fergean, bedjerre of ferwurde kin. Dat is foar jimme weilein yn ’e himel. 5Sa binne jimme troch it leauwen burgen yn ’e macht fan God, foar it heil dat no al klear leit om oan ’e ein fan ’e tiid iepenbiere te wurden. 6Dan sille jimme bliid wêze, ek al moatte jimme no faaks noch in koarte tiid troch allerhanne fersikings pleage wurde. 7Dat is om de echtens fan jimme leauwen te bewizen. Goud – en dat is fergonklik – wurdt lottere troch fjoer, mar jimme leauwen is helte mear wurdich. Dat bringt lof, hearlikheid en eare mei, as Jezus Kristus ferskynt. 8Jimme hawwe Him leaf, al hawwe jimme Him noait sjoen, jimme leauwe yn Him, al sjogge jimme Him no net. En jimme jubelje fan in blydskip dêr’t gjin wurden foar binne, sa hearlik, 9om ’t jimme krije wat it doel fan jimme leauwen is: jim eigen behâld.
10Nei dat behâld hawwe de profeten mei ynmoed socht, doe’t se profetearren fan ’e genede dy’t jimme krije soenen. 11Se besochten út te finen op hokker tiid en omstannichheden de Geast fan Kristus yn har wol doelde, doe’t Er fan te foaren al spriek fan it lijen dat oer Kristus komme soe en de hearlikheid dêrnei. 12It waard harren iepenbiere, dat dat net foar harsels ornearre wie, mar foar jimme. En no is dat jimme fernijd troch de lju dy’t it bliid boadskip brocht hawwe yn opdracht fan de hillige Geast dy’t út ’e himel wei stjoerd is. Dat binne dingen dêr’t sels ingels graach ynsjoch yn krije soenen.
Oprop om hillich te libjen
13Skerpje jim dêrom op en wês sober. Set jimme hope folslein op ’e genede dy’t jimme jûn wurde sil as Jezus Kristus Himsels iepenbieret. 14Jimme moatte om sizzen jaan as Gods bern en net langer sile mei alle winen fan bigearten fan eartiids, doe’t jimme noch net wisten fan God en syn gebod. 15Mar wês hillich yn al jimme hâlden en dragen, lykas Hy dy’t jimme roppen hat, sels hillich is. 16Want der stiet beskreaun: Wês hillich om’t Ik hillich bin.
17Jimme sizze ‘Heit’ tsjin Him dy’t elkenien nei syn dieden oardielet sûnder ien foar te lûken; libje dan yn earbied foar Him, salang ’t jimme yn dizze wrâld as frjemden tahâlde. 18Want jimme witte dat jimme net mei fergonklike dingen, lykas goud en sulver, frijkocht binne fan jimme sinleaze libbenswize dy’t jimme fan âlder op âlder oerlevere is. 19Nee, jimme binne frijkocht mei it kostber bloed fan Kristus dy’t wie as in laam sûnder lek of brek. 20Hy is dêr al foar ornearre ear’t de wrâld makke waard, mar earst yn dit lêste tiidrek is Er ferskynd, ta jimme bêst. 21Troch Him leauwe jimme yn God dy’t Him út ’e deaden opwekke hat en Him hearlikheid jûn hat, en sa is jimme leauwen tagelyk ek hope op God.
22Jimme hawwe nei de wierheid harke en sa jimsels suvere om de bruorren en susters oprjocht leaf te hawwen. Haw inoar no dan ek ynlike leaf mei it hiele hert. 23Want jimme binne fannijs berne, net út in fergonklik, mar út in ûnfergonklik sied, troch it libbene en ivige wurd fan God. 24Want:
Al wat libbet is as gers
en al syn hearlikheid as in blom yn ’e finne.
It gers ferwylget
en de blom fâlt ôf,
25mar it wurd fan ’e Hear bliuwt foar ivich.
En dat is it wurd dat jimme as bliid boadskip ferkundige is.