De bou fan ’e timpel
1Yn it jier 480 nei de úttocht fan Israel út Egypte, it fjirde jiers dat Salomo oer Israel regearre, yn ’e moanne Sif, dat is de twadde moanne, begûn Salomo mei it bouwen fan it hûs fan de Heare. 2It hûs dat kening Salomo foar de Heare boude, wie 60 jellen lang, 20 jellen breed en 30 jellen heech. 3It foarhûs foar it hillichdom wie tweintich jellen lang, oer de breedte fan it hûs, en tsien jellen djip, oan ’e foarkant fan it hûs ta. 4Hy makke yn it hûs finsters fan traaljewurk. 5Yn it rûnom tsjin ’e muorren fan it hûs oan makke er in útbou om it hillige en it allerhillichste. Hy makke se yn it rûnom mei ferdjippings. 6De ûnderste ferdjipping fan ’e útbou hie in breedte fan fiif jellen, de middelste fan seis jellen en de tredde fan sân jellen. Hy liet nammers bûtenwurks de muorre ynspringe om net oan ’e muorren fan it hûs brekke te hoegen. 7By de bou waard it hûs opboud mei stien, sa út de graverij; gjin hammer of beitel of oar izeren ark wie by de bou fan it hûs te hearren. 8De tagong nei de ûnderste ferdjipping wie oan ’e súdkant fan it hûs en mei slingertreppen gongen se nei de middelste en fan ’e middelste nei de tredde ferdjipping. 9Doe’t er it hûs ôfboude en klearmakke, diek er it mei balken en planken fan sederhout. 10Fan ’e útbou om it hiele hûs boude er (elke ferdjipping) fiif jellen heech en sette dy mei balken fan sederhout oan it hûs fêst. 11Doe liet de Heare Salomo dit wurd takomme: 12Asto libbest neffens myn foarskriften, dochst neffens myn rjochtsregels en der acht op joust om neffens myn geboaden te libjen, dan folbring Ik oan dij it wurd, dat Ik tsjin dyn heit David sein haw yn ferbân mei dit hûs datsto oan it bouwen bist. 13Ik sil yn it fermidden fan ’e Israeliten wenje en Ik sil myn folk Israel net ferlitte.
14Sa boude Salomo it hûs en makke it ôf. 15Hy betimmere de muorren fan it hûs oan ’e binnenkant mei sederen planken. Fan ’e flier ôf oan ’e souderbalken ta joech er se in binnenbetimmering, mar de flier belei er mei sypressehout. 16Tweintich jellen fan ’e achterein fan it hûs ôf makke er in beskot fan sederen planken, fan ’e flier oant de balken. Dêr makke er binnenyn in achterseal fan, foar it allerhillichste. 17Fjirtich jellen wie it hûs lang fan ’e foarein ôf. 18De binnenbetimmering fan it hûs wie fan sederhout, mei rosetten en slingers útsnien. It wie ien en al sederhout en der wie gjin stien te sjen. 19Sa hat er dus yn it midden fan it hûs dêrbinnenyn in achterseal ynrjochte om de arke fan it ferbûn mei de Heare plak te jaan.
20De achterseal wie tweintich jellen lang, tweintich breed en tweintich heech. Hy belei it mei fyn goud. Ek makke er in alter fan sederhout. 21Salomo belei it hûs fan binnen mei fyn goud en hy liet in foarkleed oer gouden kettingen rinne foar de achterseal lâns, dy’t er mei goud belein hie. 22Hy belei it hiele hûs mei goud oant it der hielendal mei bedutsen wie. Ek it alter yn ’e achterseal belei er hielendal mei goud.
23Hy makke yn ’e achterseal twa kearûb-ingels fan olivehout, wol tsien jellen heech. 24Fiif jellen wie de iene wjuk fan ’e ingel en fiif jellen de oare, dat de úteinen fan ’e wjukken wienen tsien jellen fan inoar. 25Tsien jellen wie it ek by de oare ingel. Beide ingels hienen deselde mjitte en itselde bestek. 26De hichte fan de iene ingel wie tsien jellen en de oare sines krektsa. 27Midden yn dat binnenste diel fan it hûs joech er de ingels sa har plak, dat de ingels de wjukken útspraten. De iene syn wjuk rekke de iene muorre en de oare syn wjuk de oare muorre en krekt yn ’e midden fan it hûs rekken se elkoar, wjuk oan wjuk. 28Hy hie de ingels ek mei goud belein.
29De muorren fan it hûs rûnom yn ’e binnenste en bûtenste seal joech er houtsnijwurk: ingels, palmen en slingers. 30Ek de flier fan it hûs yn ’e binnenste en bûtenste sealen belei er mei goud. 31As tagong nei de achterseal makke er doarren fan olivehout en de stilen foarmen in fiifhoek. 32De beide doarren wienen fan olivehout en hy joech se houtsnijwurk: ingels, palmen en slingers. Hy belei se mei goud; ek de ingels en palmen hie er mei goud bedutsen. 33Op ’e selde manear makke er as tagong nei it hillige, stilen fan olivehout, dy’t dêr in fjouwerhoek foarmen, 34mei doarren fan sypressehout. De iene doar hie twa draaiende helten en de oare ek. 35Hy snijde der ingels, palmen en slingers yn út en belei se mei goud, alhiel neffens it patroan.
36Ek boude er de ringmuorre om it binnenste foarhôf, trije lagen behoude stien en ien laach sederen balke.
37It fjirde jier yn ’e moanne Sif binne de fûneminten fan it hûs fan de Heare lein, 38en it alfte jier, yn ’e moanne Bûl – de achtste moanne is dat – wie it hûs yn alle ûnderdielen klear, alhiel neffens it bestek. Sa hat er dus sân jier oer de bou dien.