Elía moat nei Achab
1In hiel skoft letter, it tredde jiers, krige Elía dit wurd fan de Heare: Kom, do moatst nei Achab ta, want Ik wol rein jaan op ’e ierde. 2Elía gong fuort, nei Achab ta. Omdat de hongersneed tige slim waard yn Samaria, 3hie Achab Obadja, de hofmaarskalk komme litten. 4No wie Obadja in man mei in grut ûntsach foar de Heare, want doe’t Izébel de profeten fan de Heare útroegje woe, hie Obadja hûndert profeten apart hâlden en by fyftigen yn in rotshoale ferburgen en mei brea en wetter fersoarge. 5Achab sei tsjin Obadja: Kom mei, it lân troch, nei alle wetterwellen en beken, om gers te sykjen, dat wy de hynders en mûlezels yn ’t libben hâlde kinne en gjin fee ôf hoege te meitsjen. 6Dêrom ferdielden se it lân ûnderinoar om der bylâns. Achab soe de iene kant út en Obadja de oare kant.
7Doe’t Obadja ûnderweis wie, kaam Elía him dêr yn ’e mjitte en doe’t Obadja seach wa’t it wie, bûgde er him djip en sei tsjin him: Binne jo dat, myn hear Elía? 8Hy sei: Ja, ik bin it. Gean nei dyn hear en sis tsjin him: Elía is der. 9Doe sei er: Wat haw ik misdien, dat jo jo tsjinner yn ’e macht fan Achab jaan wolle om him te deadzjen? 10Sa wier as de Heare, jo God, libbet: As der in folk of keninkryk wie, dêr’t myn hear minsken hinne stjoerde om jo te sykjen, en hja seinen dan: Hy is hjir net, dan hat er dat keninkryk of folk ferge op in eed, dat se jo net fûn hienen. 11En no sizze jo: Gean nei dyn hear en sis: Elía is der. 12No moast it ris sa komme, dat as ik by jo wei gean, de Geast fan de Heare jo wit-wêrhinne meinaam. As ik dan by Achab kaam om berjocht te bringen en hy fûn jo net, dan makke er my dea, al haw ik dan ek fan bern ôf oan de Heare tsjinne. 13Is it mynhear net ferteld, wat ik dien haw, doe’t Izébel de profeten fan de Heare deadzje soe? Dat ik hûndert profeten fan de Heare by fyftigen yn in rotshoale ferburgen haw en fersoarge mei brea en wetter? 14En no sizze jo: Gean nei dyn hear en sis: Elía is der? Hy sil my ommers fermoardzje? 15Mar Elía sei: Sa wier as de Heare Almachtich libbet, yn waans tsjinst ik stean, hjoed wol ik nei him ta.
16Doe gong Obadja nei Achab om him berjocht te dwaan en Achab kaam Elía yn ’e mjitte. 17Sagau’t Achab Elía seach, sei Achab tsjin him: Binne jo dy man, dy’t Israel yn it ûngelok bringt? 18Hy sei: Ik haw Israel net yn it ûngelok brocht, mar jo en jimme heite famylje, trochdat jo de geboaden fan de Heare ferlitten hawwe en de Baäls achterneirûn binne. 19Mar lit foar my no hiele Israel oproppe nei de berch Karmel, ek de fjouwerhûndertenfyftich profeten fan ’e Baäl en de fjouwerhûndert profeten fan ’e Asjeara, dy’t fan Izébel har tafel ite.
Elía op ’e Karmel
20Doe stjoerde Achab boadskip oan alle Israeliten en rôp de profeten op nei de berch Karmel. 21En Elía gong foar it hiele folk stean en sei: Oant hoelang sille jim oer beide siden gean? As de Heare God is, folgje Him dan, mar as it Baäl is, folgje dy dan. Dêr sei it folk gjin wurd op. 22Elía sei tsjin it folk: Ik bin allinne as profeet foar de Heare oerbleaun en de profeten fan Baäl binne fjouwerhûndertenfyftich man sterk. 23No moatte se ús twa bollen jaan, dêr’t sij de iene fan kieze meie. Dy moatte se yn stikken houwe en op it hout lizze, sûnder der fjoer by te bringen. Ik sil de oare klearmeitsje en op it hout lizze en der gjin fjoer by bringe. 24Dan moatte jimme de namme fan jim god oanroppe en ik sil de namme fan de Heare oanroppe. De God dy’t mei fjoer antwurdet, dy sil God wêze. It hiele folk antwurde dêrop: Dat is goed.
25Doe sei Elía tsjin ’e profeten fan Baäl: Kies jimme de iene bolle en meitsje him earst klear, want jimme binne machtich. Rop de namme fan jimme god oan, mar bring der gjin fjoer by. 26Doe namen se de bolle dy’t se har brochten, makken him klear en rôpen de namme fan Baäl oan fan de moarns ôf oant de middeis ta mei de wurden: O Baäl, jou ús antwurd. Mar der kaam gjin lûd en gjinien joech antwurd. En hja hinkeldûnsen derby om it alter dat se makke hienen. 27Doe’t it middei wurden wie, begûn Elía de spot mei harren te slaan. Hy sei: Jimme moatte mei in machtich lûd roppe, want it is in god. Faaks is er yn gedachten of hy moat wat dwaan, of hy is op reis, miskien sliept er wol en moat er wekker wurde. 28Doe rôpen se mei in machtich lûd en makken har mei swurden en spearen sneden yn it lichem sa’t har gebrûk wie, oant it bloed derby del rûn. 29Doe’t de middei om wie, raasden se mar troch oan ’e tiid fan it jûnsoffer ta. Mar der kaam gjin lûd en gjinien dy’t antwurde of der acht op joech.
30Doe sei Elía tsjin it hiele folk: Kom tichte by my. En hiel it folk kaam tichte by him. Doe boude er it alter fan de Heare, dat delhelle wie, wer op. 31Elía naam nammentlik tolve stiennen neffens it tal fan ’e stammen fan ’e soannen fan Jakob, oan wa’t de Heare syn wurd takomme litten hie: Israel sil dyn namme wêze. 32Hy boude fan dy stiennen in alter yn ’e namme fan de Heare en makke om it alter in greppel fan twa siedfuorgen breedte. 33Doe skikte er it hout te plak, houde de bolle yn stikken en lei him op it hout. 34Doe sei er: Doch fjouwer krûken fol wetter en jit dat op it brânoffer en it hout. Dêrnei sei er: Doch it nochris, en se dienen it nochris. Doe sei er wer: Doch it foar de tredde kear, en se dienen it foar de tredde kear, 35dat it wetter rûn om it alter hinne. Sels de greppel die er fol wetter.
36Krekt op ’e tiid fan it jûnsoffer kaam de profeet Elía nei foaren en sei: Heare, God fan Abraham, Izaäk en Israel, lit it hjoed dúdlik wurde, dat Jo God binne yn Israel en dat ik jo tsjinner bin, en dat ik dit allegearre yn jo opdracht dien haw. 37Jou my antwurd, Heare, jou my antwurd, dat dit folk witte mei, dat Jo, Heare, God binne en dat Jo har hert wer nei Jo ta keare. 38Doe foel it fjoer fan de Heare del en fertarde it brânoffer en it hout en de stiennen en it stof, ja it sûgde sels it wetter út ’e greppel op. 39Doe’t it folk dat seach, lieten se har allegearre foaroer delfalle en seinen: De Heare, dy is God! De Heare, dy is God! 40Doe sei Elía tsjin har: Pak no de profeten fan Baäl op, lit net ien fan har ûntkomme. En hja pakten se op en Elía liet har by de berch del nei de beek Kisjon bringe en liet har dêr ôfslachtsje.
41En Elía sei tsjin Achab: Kom, nim wat iten en drinken, want it lûd fan ’e stjalprein is al te hearren. 42Achab gong doe om wat iten, mar Elía klom fierder de Karmel op en bûgde him nei de grûn mei de holle tusken de knibbels. 43Tsjin syn feint sei er: Gean nei boppen en sjoch út nei de kant fan ’e see. Doe’t er nei boppen west hie om út te sjen, sei dy: Der is neat te sjen. Doe sei Elía: Noch ris werom! Dat barde oant sân kear ta. 44De sânde kears sei er: In wolkje as in mannehân komt út see op. Doe sei er: Gean nei Achab en sis tsjin him: Jo moatte ynspanne en nei ûnderen gean, want oars keart de stjalprein jo op. 45Doe ynienen waard de loft swart van wyn en wolken en der foel in stjalpige rein. Achab ried fuort en gong nei Jizreël. 46Mar oer Elía kaam de hân fan de Heare: hy die de mulriem om en hy fleach foar Achab út oan it plak ta, dêr’t se ôfslane nei Jizreël.