Kristus nimt it foar ús op
1Myn berntsjes, dit skriuw ik jimme, om jimme foar sûndigjen te bewarjen. En as ien al sûndiget, wy hawwe ien dy’t it foar ús opnimt by de Heit, Jezus Kristus de rjochtfeardige; 2Dy is it dy’t troch syn offer ús sûnden útwisket en net allinne uzes mar ek dy fan de hiele wrâld. 3Hjir witte wy oan, dat wy Him kenne: as wy ús oan syn geboaden hâlde. 4Dy’t seit: Ik ken Him, mar him net oan syn geboaden hâldt, is in liger, en gjin earlik man; 5mar dy’t him al oan syn wurd hâldt, yn him komt de leafde fan God wier ta syn doel. Dêr witte wy oan, dat wy mei Him ferbûn binne. 6Dy’t seit dat er mei Him ferbûn is, moat krektlyk troch it libben gean as Hysels troch it libben gien is.
It nije gebod
7Freonen, ik skriuw jimme gjin nij gebod foar, mar in âld gebod, dat jimme fan it begjin ôf al hân hawwe; dat âlde gebod is it wurd, dat jimme heard hawwe. 8Dochs is it ek wer in nij gebod dat ik jimme skriuw; it jildt foar Him en foar jimme, want it tsjuster giet foarby en it echte ljocht skynt al. 9Dy’t seit dat er yn it ljocht is, en dochs syn broer hatet, sit noch altiten yn it tsjuster. 10Dy’t syn broer leafhat, bliuwt yn it ljocht, en stroffeljen is der mei him net by. 11Mar dy’t syn broer hatet is yn it tsjuster; hy rint yn it tsjuster en wit net, wêr’t er bedarret, want it tsjuster hat him blyn makke.
12Ik skriuw jimme, berntsjes,
want de sûnden binne jimme ferjûn om Him.
13Ik skriuw jimme, heiten,
want jimme kenne Him dy’t der al fan it begjin ôf west hat.
Ik skriuw jimme, jongfeinten,
want jimme hawwe de kweade ferslein.
14Ik haw jimme skreaun, berntsjes,
want jimme kenne de Heit.
Ik haw jimme skreaun, heiten,
want jim kenne Him, dy’t der al fan it begjin ôf west hat.
Ik haw jimme skreaun, jongfeinten,
want jimme binne sterk
en it wurd fan God bliuwt yn jimme;
jimme hawwe de kweade ferslein.
15Haw de wrâld en de dingen fan ’e wrâld net leaf. As ien de wrâld leafhat, is de leafde fan ’e Heit net yn him. 16Want al wat yn ’e wrâld is, it al te minsklik begearen en it begearen fan ’e eagen en it grut gean op jins besit, komt net út ’e Heit, mar út ’e wrâld fuort. 17De wrâld giet foarby en har begearen ek; mar dy’t Gods wil docht, bliuwt yn ivichheid.
De grutte leagen
18Berntsjes, it is de lêste oere. Jimme hawwe der wol fan heard dat der in anty-Kristus komme moat. No al binne der ferskate sokke anty-Kristussen opstien; dêr witte wy oan, dat it de lêste oere is. 19Se binne út ús fermidden weikommen, se hearden lykwols net by ús; as se by ús heard hienen, wienen se wol by ús bleaun. Mar it moast dúdlik wurde, dat net ien fan harren by ús heart. 20Jimme hawwe ek de salving fan ’e Hillige krige, dat jimme hawwe der allegearre weet fan. 21Ik haw jimme net skreaun omdat jimme de wierheid net kenne soenen, mar just omdat jimme dy al kenne, en omdat gjin inkelde leagen wat mei de wierheid te krijen hat. 22Wa oars is de liger, as dy’t ûntstriidt dat Jezus de Kristus is? Dat is de anty-Kristus, dy’t Heit en Soan ôfwiist. 23Elk dy’t de Soan ôfwiist, hat ek gjin bân mei de Heit; dy’t him foar de Soan útsprekt, hat ek in bân mei de Heit. 24Bliuw jimme by wat jimme fan it begjin ôf heard hawwe; as jimme bliuwe by wat jimme fan it begjin ôf heard hawwe, sille jimme sels de bân mei de Soan en de Heit bewarje. 25Dit is wat de Heit ús sels tasein hat: it ivige libben. 26Ik haw jimme dit skreaun mei it each op harren dy’t jimme op ’e doele bringe wolle. 27En jimme – de salving dy’t jimme fan Him krige hawwe bliuwt op jimme. Jim hawwe gjin ferlet fan in oare learaar; mar lykas syn salving jimme oer alles beleart, sa is it ek wier en gjin leagen, en lykas dy it jimme leard hat: bewarje de bân mei Him.
Bern fan God
28No dan, berntsjes, bewarje de bân mei Him, dat wy frijmoedichheid hawwe meie en ús net foar Him oer hoege te skamjen as Er komt. 29Jimme witte, dat Er rjochtfeardich is; dan moatte jimme ek begripe, dat elk dy’t docht wat rjocht is, syn bern is.