It ynskriuwen en yndielen fan ’e prysters
1De soannen fan Aäron waarden ek yndield. Dat wienen Nadab en Abihû, Eleäzar en Itamar. 2Mar Nadab en Abihû wienen al stoarn doe’t har heit noch libbe; en mei’t se gjin soannen hienen, ferfoel it prysteramt oan Eleäzar en Itamar.
3Mei Sadok, ien fan ’e soannen fan Eleäzar, en Achimêlek, ien fan ’e soannen fan Itamar, ferdielde David de prysters neffens har amtswurk yn tsjinstferbannen. 4Mar doe’t it bliken die, dat de soannen fan Eleäzar mear foarmannen hienen as de soannen fan Itamar, dielden se har sa yn: sechstjin haden fan stamhuzen foar de soannen fan Eleäzar en acht foar de soannen fan Itamar. 5Se dielden har yn troch lotsjen, de iene sa goed as de oare; want ‘foarsten fan it hillichdom’ en ‘foarsten fan God’ wienen der likegoed ûnder de soannen fan Itamar as ûnder dy fan Eleäzar.
6Semaja, de soan fan Netanel, de skriuwer, ien fan ’e leviten, skreau harren yn ûnder de eagen fan ’e kening en fan ’e foarsten en fan pryster Sadok en fan Achimêlek, de soan fan Abjatar, en fan ’e haden fan ’e stamhuzen ûnder de prysters en ûnder de leviten: by it lotsjen kaam der elke kear in stamhûs foar Eleäzar út en om ’e twa kear ien foar Itamar.
7It earste lot foel op Jojarib, it twadde op Jedaja, 8it tredde op Charim, it fjirde op Séoarum, 9it fyfte op Malikia, it sechste op Miamin. 10it sânde op Hakkos, it achtste op Abía, 11it njoggende op Jesjûa, it tsiende op Sjekanja, 12it alfte op Eljasjib, it tolfte op Jakin, 13it trettjinde op Chûppa, it fjirtjinde op Jesjêbab, 14it fyftjinde op Bilga, it sechstjinde op Immer, 15it santjinde op Chezit, it achttjinde op Happisses, 16it njoggentjinde op Pitachja, it tweintichste op Jechezkel, 17it ienentweintichste op Jakin, it twaëntweintichste op Gamûl, 18it trijeëntweintichste op Dilaja en it fjouwerentweintichste op Maäsja.
19Dat binne har tsjinstferbannen foar har amtswurk, as se yn it hûs fan de Heare komme, neffens de regeling dy’t har heit Aäron har foarskreaun hat, sa’t de Heare, de God fan Israel, him opdroegen hie.
20Wat de oare soannen fan Levy oanbelanget: De levitefamyljes fan Amram syn soannen: Sjûbael, fan Sjûbael syn soannen: Jechdaja; 21fan ’e soannen fan Rechabja: Jissia, it famyljehaad; 22fan ’e Jishariten: Sjelomot, fan ’e soannen fan Sjemolot: Jachat; 23fan ’e soannen fan Chebron: Jerija, de âldste; Amarja, de twadde; Jechaziël, de tredde, en Jekamam de fjirde; 24fan ’e soannen fan Oezziël: Mika; fan ’e soannen fan Mika: Samor; 25Mika syn broer Jissjia; fan ’e soannen fan Jissjia: Sekarja; 26fan ’e soannen fan Merary: Machly en Mûsjy en de soannen fan syn soan Jaäzia; 27fan ’e soannen fan Merary, dat wol sizze fan syn soan Jaäzia: Socham, Sakkûr en Ibry; 28fan Machly: Elazar, dy’t gjin soannen hie. 29Wat Kisj oangiet: syn soan Jerachmiël; 30fan de soannen fan Mûsjy: Machly, Eder en Jerimot; dy soannen fan ’e Leviten, neffens har stamhuzen neamd, 31hawwe ek lotte, krekt as har bruorren, de soannen fan Aäron. Se dienen dat yn it bywêzen fan kening David, Sadok, Achimêlek en de âldsten fan ’e stamhuzen ûnder de prysters en de leviten, fan elk stamhûs de jongste broer krektlike goed as de âldste.