1Dêrom sei David: Dit hjir sil it hûs fan God de Heare wêze en dit is it brânoffer foar Israel.
De timpel wurdt taret
2David joech befel, dat de frjemden dy’t yn it lân Israel wennen byinoar roppen wurde moasten en hy stelde har oan as stienhouwers om stikken stien te bekapjen foar de bou fan Gods hûs. 3David soarge foar in grutte partij izer, foar spikers yn ’e poartedoarren en foar ankers; ek foar sa’n soad brûns, dat der gjin wagen oan wie; 4en foar wit-hoe-folle sederhouten balken; want de Sidoaniërs en Tyriërs brochten David in grutte partij sederhouten balken. 5David tocht ommers: Myn soan Salomo is jong en noch net folle mânsk; it hûs dat foar de Heare boud wurde sil, moat sa wêze, dat it namme en gloarje krijt yn alle lannen; lit my dêr dan it tariedende wurk foar dwaan. Sadwaande makke David by syn libben gâns tarissing.
6Yn dy snuorje rôp er syn soan Salomo ris by him en lei him op, foar de Heare, de God fan Israel, dat hûs te bouwen. 7David sei tsjin Salomo: Myn soan, ik wie fan doel sels in hûs te setten om de namme fan de Heare, myn God, te earjen. 8Mar ik krige dit wurd fan de Heare: Do hast gâns bloed floeie litten en swiere oarloggen fierd; do meist ta eare fan myn namme gjin hûs sette, omdatsto foar myn eagen gâns bloed op ierde floeie litten hast. 9Sjoch, do silst in soan krije en dat sil in man wêze dy’t rêst bringt, want Ik sil meitsje dat al syn fijannen om him hinne him mei rêst litte; Salomo sil syn namme wêze en yn syn dagen sil Ik Israel frede en rêst jaan. 10Dy sil in hûs sette ta eare fan myn namme. Hy sil in soan foar My wêze en Ik foar him in heit, en ik sil syn keninklike troan oer Israel befestigje oant yn ivichheid.
11No dan, myn soan, mei de Heare dy bystean, dat it dy slagje mei, in hûs foar de Heare te setten, sa’t Er dy tasein hat. 12Dat de Heare dy dan ynsjoch en ferstân jaan mei om Israel te bestjoeren, om de wet fan de Heare, dyn God, yn acht te nimmen. 13Asto derom tinkst de wetten en foarskriften dy’t de Heare Mozes foar Israel oplein hat, yn acht te nimmen, dan sil it dy goed gean. Wês sterk en manmoedich, sûnder skrikken of ferblikken!
14Sjoch, troch myn krewearjen haw ik foar it hûs foar de Heare byinoar brocht: oan goud 100.000 talinten, oan sulver 1.000.000 talinten, en oan brûns en izer safolle, dat der gjin wagen oan is; want der is by de rûs. Hout en stien haw ik ek byinoar brocht; dêr kinsto mei trochgean. 15Fierders hasto wurkfolk by de rûs: stienhouwers, mitselders en timmerlju en ûntelbere faklju fan allerhanne ambacht, betûft yn it bewurkjen fan 16goud, sulver, brûns en izer. Oerein dan, oan ’e slach en mei de Heare dy bystean.
17David lei alle foarsten fan Israel op om syn soan Salomo by te stean. 18Hat – sa sei er – de Heare, jimme God, jim net bystien en jimme net rûnom rêst jûn? Hy hat ommers de bewenners fan it lân yn myn macht jûn en it lân hat him ûnder de Heare en syn folk deljaan moatten. 19Set jim der dan mei hert en siel ta, om de Heare, jimme God, te tsjinjen; gean oan it wurk en bou it hillichdom foar de Heare, de wiere God; dan kinne jimme syn ferbûnsarke en syn hillich gerei yn it hûs bringe dat ta eare fan syn namme set wurde sil.