De stam Juda
1Dit binne de soannen fan Israel: Rûben, Simeön, Levy, Juda, Issaskar en Sebûlon; 2Dan, Joazef en Benjamin; Naftaly, Gad en Azer.
3Juda syn soannen: Er, Onan en Sela; trije krige er by de dochter fan Sjûa de Kanaänityske. Mar Er, Juda syn earstlingssoan, wie in ferkearden yn ’e eagen fan de Heare, dat Dy liet him stjerre. 4By syn skoandochter Tamar krige Juda: Pêres en Sêrach. Sa hie Juda mei-inoar fiif soannen.
5De soannen fan Pêres wienen Chesron en Chamûl. 6De soannen fan Sêrach wienen: Simry, Etan, Heman, Kalkol en Darda, mei-inoar fiif. 7De soan fan Karmy wie Achar, dy’t Israel yn ûnstjoer brocht, mei’t er him fergriep oan wat ûnder de ban lei. 8De soan fan Etan wie Azarja.
David syn foarfaars
9De soannen dy’t Chesron krige, wienen: Jerachmiël, Ram en Kelûbai. 10Ram wie de heit fan Amminadab, Amminadab fan Nachsjon, de stamfoarst fan ’e Judeeërs. 11Nachsjon wie de heit fan Salma en Salma fan Boäz, 12Boäz fan Obed en Obed fan Isai. 13Isai krige as earstlingssoan Eliab, as twadde Abinadab, as tredde Sjima; 14Netanel as fjirde, Raddai as fyfte; 15Ozem as sechste, David as sânde. 16Har susters wienen Serûja en Abigaïl. De soannen fan Serûja wienen: Abisai, Joäb en Asaël, trije mei-inoar. 17Abigaïl krige Amasa; dy syn heit wie Jêter, in Ismaelyt.
It skaai fan Kaleb
18Kaleb, de soan fan Chesron, krige Jeriot by syn frou Azûba. Dit binne har oare soannen: Jesjer, Sjolab en Ardon. 19Nei’t Azûba stoarn wie, naam Kaleb Efrat as frou; by har krige er Chûr. 20Chûr wie de heit fan Oery en Oery fan Besaleël.
21Letter hie Chesron mienskip mei de dochter fan Makir, de heit fan Gileäd; en hy naam har as frou – hy wie doe sechstich jier – en by har krige er Segûb. 22Segûb wie de heit fan Jaïr, dy’t trijeëntweintich stêden yn Gileäd yn hannen hie. 23Hy ûntnadere Gesjûr en Aram de doarpen fan Jaïr en Kenat mei de plakken dy’t dêrûnder foelen: sechstich stêden. Dy wienen allegearre fan ’e soannen fan Makir, de heit fan Gileäd. 24Nei Chesron syn ferstjerren hie Kaleb mienskip mei Efrat, de frou fan syn heit Chesron; by har krige er Asjchûr, de heit fan Tekoä.
It skaai fan Jerachmeël
25Jerachmeël, de earstlingssoan fan Chesron, hie as soannen: Ram, de earstlingssoan, en fierders Bûna, Oaren, Ozem en Achía. 26Jerachmeël hie noch in oare frou, Atara; sy wie de mem fan Onam. 27Ram, Jerachmeël syn earstlingssoan, hie as soannen: Maas, Jamin en Eker. 28Onam hie as soannen: Sjammai en Juda. Sjammai syn soannen wienen: Nadab en Abisjûr. 29De namme fan Abisjûr syn frou wie Abichaïl; by har krige er Achban en Molid. 30De soannen fan Nadab wienen Sjêlef en Appaïm; mar Sjêlef stoar sûnder bern. 31De soan fan Appaïm wie Jisjy; de soan fan Jisjy wie Sjesjan; de dochter fan Sjesjan wie Achlai. 32De soannen fan Jada, Sjammai syn broer, wienen: Jêter en Jonatan; mar Jêter stoar sûnder bern. 33De soannen fan Jonatan wienen: Pêlet en Sazai. Dit wie de neiteam fan Jerachmeël.
34No hie Sjesjan gjin soannen, wol dochters. Mar hy hie in Egyptyske slaaf dy’t Jarcha hiet. 35En Sjesjan joech syn dochter oan Jarcha as frou; by har krige er Attai. 36Attai wie de heit fan Natan en Natan fan Sabad, 37Sabad wie de heit fan Eflal en Eflal fan Obed, 38Obed fan Jehû en Jehû fan Azarja, 39Azarja fan Chêles en Chêles fan Elaza, 40Elaza fan Sismaï en Sismai fan Sjallûm, 41Sjallûm fan Jekamja en Jekamja fan Elisjama.
De neiteam fan Kaleb
42De soannen fan Kaleb, Jerachmeël syn broer, wienen: Mesja, syn earstlingssoan, dat wie de heit fan Sif; en de soannen fan Marésja, de heit fan Chebron. 43Chebron syn soannen wienen: Koarach, Tappûach, Rêkem en Sjêma. 44Sjêma krige Racham, de heit fan Jorkeam, en Rêkem krige Sjammai. 45De soan fan Sjammai wie Maon, en Maon wie de heit fan Bet-Sûr. 46Efa, de byfrou fan Kaleb, krige Charan, Mosa en Gazes, en Charan krige Jaddai. 47De soannen fan Jaddai wienen: Rêgem, Jotam, Gesjan, Pêlet, Efa en Sjaäf. 48Kaleb syn byfrou Maäka krige Sjêber en Tirchana. 49Hja krige ek Sjaäf, de heit fan Madmanna en Sjewa, de heit fan Makbéna en fierder de heit fan Giba; Kaleb syn dochter wie Aksa. 50Dat wienen de soannen fan Kaleb.
De soannen fan Chûr, de earstlingssoan fan Efrata, wienen: Sjobal, de heit fan Kirjat-Jeärim; 51Salma, de heit fan Betlehem en Charef, de heit fan Bet-Gader. 52Fan Sjobal, de heit fan Kirjat-Jeärim, stammen ôf: Haroë en heale Menûchot. 53De stagen fan Kirjat-Jeärim wienen: de Jitriten, de Pûtiten, de Sjûmatiten en de Misjraïten; dêr stamje de Soaraïten en de Estaôliten fan ôf. 54De soannen fan Salma wienen: Betlehem, de Netofatiten, Atrot, Bet-Joäb, de helte fan ’e Manachiten en de Soariten. 55Ek de stagen fan ’e skriuwers dy te Jabesj wennen; it wienen de Tiratiten, de Sjimatiten en de Sjûkatiten. Dat wienen de Keniten dy’t fan Chammat, de heit fan it hûs fan Rekab, ôfstamje.