Oarloch mei Ammon
1Dêrnei kaam Nachas, de kening fan ’e Ammoniten te ferstjerren; en syn soan folge him op. 2Doe tocht David: Ik wol Chanûn, de soan fan Nachas, freonskip bewize, want syn heit hat in freon foar my west. Dêrom stjoerde David gesanten om him blyk fan syn meilibjen te jaan by it ferlies fan syn heit. Doe’t de tsjinstfeinten fan David yn it lân fan ’e Ammoniten by Chanûn kamen, om him dat blyk fan meilibjen oer te bringen, 3seinen de foarsten fan ’e Ammoniten tsjin Chanûn: Tochten jo no wier, dat David de neitins fan jimme heit earje wol? Soenen syn gesanten net folle earder by jo kommen wêze om ûnderwilens it lân op te nimmen, yn ûnstjoer te bringen en te bespionnearjen? 4Doe liet Chanûn David syn tsjinstfeinten oppakke, skearde har en liet har de klean op hjelwei ôfsnije, by de mul ôf. Doe stjoerde er har fuort. 5Hja setten ôf. Doe’t David ferteld waard hoe’t dy mannen behannele wienen, stjoerde er har guon yn ’e mjitte, want dy mannen wienen raar te skande set. Dêrom sei de kening: Bliuw sa lang te Jericho, dat jimme burd wer oanwoeksen is en kom dan werom.
6Doe’t de Ammoniten ynseagen, dat se harsels by David te skande makke hienen, stjoerden Chanûn en de Ammoniten tûzen talinten sulver om weinen en ruters te hieren út Mesopotamië, Aram-Maäka en Soba. 7Sa hierden se ta har geriif 32.000 weinen en ek de kening fan Maäka en syn folk; dy kamen en sloegen har kamp op foar Medeba oer. Underwilens wienen de Ammoniten sels ek yn kloften út har stêden opsetten kommen foar de striid.
8Doe’t David dat hearde, stjoerde er Joäb mei it hiele leger en de helden. 9De Ammoniten kamen de stêd út en stelden har yn slachoarder foar de stedspoarte op; mar de keningen dy’t kommen wienen om te helpen, stelden har apart op yn it iepen fjild. 10Doe’t Joäb seach, dat se him tagelyk fan foaren en fan achteren oanpakke woenen, keas er guon út ’e hiele karploech fan Israel en stelde dy tsjin ’e Arameeërs yn slachoarder op. 11Mar it oare part fan it folk sette er ûnder kommando fan syn broer Abisjai, en dy stelden har yn slachoarder op tsjin de Ammoniten. 12Hy sei: Mochten de Arameeërs my oermânsk wurde, dan moatte jimme my te help komme; en as de Ammoniten dij oermânsk wurde mochten, dan sil ik dij helpe. 13Hâld moed en lit ús mei-inoar moedich wêze foar ús folk en foar de stêden fan ús God, en mei de Heare dan dwaan wat Hy it bêste achtet. 14Doe joegen Joäb en it folk dat mei him wie, har yn ’e striid; se gongen rjocht op ’e Arameeërs oan, dat dy moasten foar harren op ’e flecht slaan. 15Doe’t de Ammoniten seagen dat de Arameeërs op ’e flecht sloegen, gongen se sels ek op ’e flecht foar Abisjai, Joäb syn broer, en lutsen har tebek yn ’e stêd. En Joäb kaam yn Jeruzalem werom.
16Doe’t de Arameeërs murken, dat se in fikse klap fan ’e Israeliten hân hienen, stjoerden se boaden en lieten de Arameeërs oer de Rivier wei opkomme mei Sjofak, Hadadêzer syn legerkommandant as har oanfierder. 17Dat waard David trochdien; dy brocht hiele Israel byinoar, stuts de Jordaan oer, gong op harren ôf en brocht syn folk tsjin harren gear. Doe stelde David him yn slachoarder foar de Arameeërs oer, dy’t him slach leveren; 18mar Aram moast foar Israel op ’e flecht slaan. David deade fan de Arameeërs 7.000 hynders en 40.000 man fuotfolk; Sjofak, de legerkommandant, sneuvele dêr ek. 19Doe’t de lju fan Hadadêzer seagen, dat se troch Israel ferslein wienen, sleaten se frede mei David en joegen har ûnder him del. En Aram hie der gjin nocht mear oan om de Ammoniten noch langer te helpen.