1Nei’t se Gods arke de stêd ynbrocht en midden yn ’e tinte set hienen, dy’t David derfoar opset hie, brochten se brânoffers en frede-offers ta eare fan God. 2Doe’t David klear wie mei it opdragen fan it brânoffer en de frede-offers, segene hy it folk yn ’e namme fan de Heare. 3Under alle Israeliten – de froulju likegoed as de manlju – parte hy om: in rûne bôle, in dadelkoeke en in rezinekoeke eikmes.
De tsjinst fan ’e leviten foar de arke
4Hy stelde guon fan ’e leviten oan as tsjinners foar de arke fan de Heare, en wol om de Heare, de God fan Israel, te earjen, te loovjen en te priizjen: 5Asaf as lieder en as twadde nei him Sekarja; fierders Jeïel en Semiramot, Jechiël en Mattitja, Eliab en Benaja, Obed-Edom en Jeïel mei harpynstruminten en lieren, wylst Asaf mei bekkens 6en de prysters Benaja en Jachaziël aloan mei trompetten foar de ferbûnsarke fan de Heare stienen. 7Dyselde deis wie it de earste kear dat David Asaf en de oare sjongers it Loovje de Heare sjonge liet:
8Loovje de Heare, rop syn namme út,
meitsje ûnder de folken syn dieden bekend!
9Sjong foar Him, psalmsjong foar Him,
jou op fan al syn wûnderdieden.
10Romje syn hillige namme,
lit dy’t de Heare sykje, fan herten bliid wêze.
11Freegje nei de Heare en syn macht,
sykje oanienwei syn antlit.
12Tink oan de wûnders dy’t Hy dien hat,
oan syn wûndertekens en rjochtsútspraken,
13jimme, neiteam fan Israel, syn tsjinstfeint,
en soannen fan Jakob, syn útferkarde.
14Hy, de Heare, is ús God,
oer de hiele wrâld jilde syn oardielen.
15Tink altyd troch oan syn ferbûn,
oan ’e opdracht dy’t Hy oan tûzen geslachten joech,
16oan it ferbûn dat Hy mei Abraham sletten hat
en oan ’e eed dy’t Er Izaäk die.
17Hy makke der foar Jakob in foarskrift fan,
foar Israel in ivich ferbûn,
18mei’t Er sei: ‘Dij wol Ik it lân Kanaän jaan,
Ik wiis it jim as erfskip ta,
19hoewol’t jimme dêr noch wol te tellen wienen,
sa minmachtich en as frjemden.’
20Swalkje moasten se fan folk ta folk,
fan it iene keninkryk nei it oare;
21lykwols stie Er gjin minske ta om har te knoeien;
om har hat Er wol keningen warskôge:
22‘Kom myn salvlingen net te nei
en doch myn profeten gjin kwea!’
23Sjong foar de Heare, do hiele ierde,
ferkundigje dei oan dei syn heil.
24Ferhelje de heidenfolken fan syn gloarje,
alle naasjes syn wûnderdieden.
25Want grut is de Heare en heech te priizjen,
ûntsachlik is Hy boppe alle goaden.
26Alle goaden fan ’e naasjes binne ommers dingen-fan-neat,
it is de Heare dy’t de himel makke hat.
27Glâns en gloarje geane foar Him út,
sterkte en blydskip hâlde yn syn wente ta.
28Bring dan de Heare, geslachten fan ’e folken,
bring dan de Heare eare en gloarje;
29bring de Heare de eare dy’t Him takomt,
kom mei offerjeften foar syn antlit,
bûch jim foar de Heare del yn hillige feestklean!
30Beevje foar Him, do hiele ierde,
de wrâld stiet no fêst, ûnferwrikber.
31Lit de himel bliid wêze, de ierde jubelje,
lit ûnder de folken sein wurde: De Heare is kening!
32Lit de see brûzje mei alles wat deryn is,
lit it fjild fan wille tille mei al wat derop waakst.
33No moatte de beammen fan it wâld begjinne te jubeljen
foar it antlit fan de Heare, want Hy komt
om rjochtdei te hâlden oer de ierde.
34Loovje de Heare, want Hy is goed,
en oant yn ivichheid is syn goedgeunstichheid.
35Sis: Ferlos ús, o God dy’t ús ferlost,
bring ús wer gear en helje ús ûnder de heidenfolken wei,
dat wy Jo hillige namme loovje
en Jo mei blidens lof tabringe.
36Heech te priizjen is de Heare, de God fan Israel,
fan ivichheid oant ivichheid.
En it hiele folk sei: Amen en: Loovje de Hear.
De earetsjinst wurdt fierder regele
37David liet dêr foar de ferbûnsarke fan de Heare bliuwe: Asaf en syn mei-leviten, om aloan tsjinst te dwaan foar de arke neffens de oarder fan elke dei. 38Sa ek Obed-Edom en syn mei-leviten, achtensechstich man; dêrfan wienen Obed-Edom, de soan fan Jedûtûn, en Chosa poartewachters. 39Pryster Sadok en syn meiprysters liet er bliuwe foar de tsjinst fan ’e tintwenning fan de Heare op ’e hichte fan Gibeön; 40hja moasten de Heare aloan brânoffers bringe op it brânofferalter moarns en jûns en alles dwaan sa’t it foarskreaun stiet yn ’e wet fan de Heare, dy’t Er oan Israel jûn hat. 41Dêrby wienen Heman en Jedûtûn en de oaren, dy’t útsocht wienen en by namme opskreaun foar it sjongen fan it ‘Loovje de Hear, want yn ivichheid is syn goedgeunstichheid!’ 42Heman en Jedûtûn hienen trompetten en bekkens by har foar de muzikanten en ynstruminten om de sang foar God te begelieden; de soannen fan Jedûtûn gongen oer de poarte.
43Doe sette al it folk wer ôf, elk nei syn eigen hûs; David gong ek werom om syn húshâlding de segengroet te bringen.