1Hja spant har krêft oer de ierde út, fan d’ iene ein nei d’ oare,
se regelet alles te’n goeden.
2Har haw ik leafhân en socht fan jongsôf oan;
ik haw my ynspand om har as breid te krijen,
ik wie fereale op har skjintme.
3Har libjen mei God jout glâns oan har eal komôf,
ja, de Almachtige hat har leaf krige.
4Ynwijd as se is yn Gods eigen witten,
siket se út, wat Hy dwaan sil.
5As rykdom in begeard besit is ’t libben,
wat is riker as de wysheid, dy’t alles bewurket?
6As ynsjoch yn it wurk wat opsmyt,
wa hat dat mear as sij, dy’t alles útfûn hat?
7Als men op gerjochtichheid út is,
de deugden komme fan har,
want hja bringt selsbehearsking en ynsjoch by,
gerjochtichheid en moed.
No dan, dêr hat men yn it libben it measte oan.
8As men graach rike ûnderfining opdwaan wol,
sij ken it ferline en hat doel oer de takomst,
sij hat der ferstân fan spreuken te ûntsiferjen en riedsels op te lossen.
Tekens en wûnders wit se foarút
en likegoed, wêr’t foarfallen en tiden op útrinne.
9Sa bin ik dan ta it beslút kommen har by my te nimmen;
Hja soe in goede riedsfrou foar my wêze – dat wist ik –
en myn treast yn soarch en fertriet.
10Troch har sil ik namme krije by it folk
en eare winne by de âlderen, sa jong as ik bin.
11Op ’e rjochtsitting sille se my in man fan ynsjoch fine;
as hjir hege hearskers komme, sille se my bewûnderje.
12As ik my stilhâld, sille se ôfwachtsje,
as ik sprek, sille se skerp taharkje
en as ik wat langer trochgean, hâlde se de hân foar de mûle.
13Troch har sil ik ûnstjerlikens krije,
in ivich oantinken sil ik achterlitte by dy’t nei my komme.
14Folken sil ik bestjoere en naasjes sille ûnder my stean,
15heislike tirannen sille bang wurde, as se fan my hearre.
Under eigen folk sil ik my in guodlik man toane,
mar yn ’e oarloch in fûlenien.
16As ik thúskom, jou ik my by har del,
want har selskip hat neat fan bitterens yn;
it libjen mei har jout gjin fertriet,
nee, allinne fleur en blydskip.
17Doe’t ik dat allegearre by mysels oertocht,
doe’t ik yn myn hert omgean liet,
hoe’t yn it ienwêzen mei har de ûnstjerlikheid besletten leit,
18yn ’e freonskip mei har ... suvere nocht,
yn it wurk fan har hannen ... in rykdom sûnder ein,
hoe’t wurk meitsjen fan har selskip ynsjoch jout
en it petear mei har in goede namme,
doe socht ik alle kanten út om har by my te krijen.
19Ik wie in kreas jongfeint,
en ik hie in skoandere siel mei krige,
20– of better sein – om’t myn siel yn oarder wie,
kaam ik yn in ûnbesmet lichem.
21Ik hie wol foar ’t ferstân, dat ik har oars net krije koe,
as wannear’t God my har joech.
Dat wie al in blyk fan ynsjoch, dat witten wêr’t de geunst weikomt.
Dêrom kearde ik my nei de Hear yn gebed,
mei hiel myn hert frege ik Him: