1Tobías antwurde: Ik sil alles dwaan, wat heit my oplein hat, 2mar hoe krij ik dat jild yn hannen: ik ken him ommers net. 3Doe joech Tobit him it ûntfangbewiis en sei: Gean op ’e siik om in maat, dy’t mei dy gean wol. Ik sil him syn lean jaan, salang as ik libje. Reizgje dan ôf en helje it jild. 4Tobías gong op ’e siik en dy’t er fûn, wie Rafael, in ingel, mar dat wist er net. 5Tobías sei tsjin him: Kin ik mei jo nei Ragau reizgje yn Medië, binne jo yn dy kontreien bekend? 6De ingel sei: Ja, ik gean mei, ik wit it paad wol en haw alris in nacht útfanhûze by Gabael, ien fan ús famylje. 7Tobías sei tsjin him: Wachtsje even, dan kin ik it heit fertelle. 8Goed, sei er, doch dat, mar doch der net te lang oer. 9Tobías gong yn ’e hûs en sei tsjin syn heit: No, ik haw ien fûn, dy’t mei wol. Tobit sei: Rop him deryn, ik wol graach witte fan watfoar stam dat er is en oft it wol fertroud is, dat er mei giet. 10Tobías rôp him. Hy kaam deryn en se begroeten inoar. 11Doe frege Tobit him: Bêste freon, fertel my ris fan hokker stam en famylje dat jo binne. 12Hy sei: Giet it jo om ’e stam of om in man dy’t jo betelje, omdat er mei jo soan opreizgje wol? Tobit sei fan syn kant: Bêste freon, ik soe jo famylje en jo namme dochs graach witte wolle. 13Doe antwurde er: Ik bin Azarja, in soan fan de grutte Ananja, ien fan jo eigen famylje. 14En doe sei Tobit tsjin him: Wolkom dan, nim my net kwea, dat ik frege nei jo stam en famylje; it treft, dat jo ien fan ús eigen folk binne en ien út in tige goed laach, dat namme hat. Ja, ik ken Ananja en Jatan goed, it binne soannen fan de grutte Semeios; wy plichten mei-inoar nei Jeruzalem te reizgjen op beafeart en dêr de earstelingen te bringen fan lân en fee en it tsiendepart fan al ús gemaak; wy wykten net fan it goede paad ôf, sa’t de oaren fan ús folk dienen. 15Sis mar, wat jo derfoar hawwe moatte. In drachme deis en deselde kosten foar ûnderhâld as myn soan? 16As jimme sûn en wol weromkomme, jou ik jo dêr noch wat oerhinne.
17Sa praten se ôf. Doe sei er tsjin Tobías: Meitsje dy ree foar de reis. Ik hoopje, dat jim in goede reis hawwe meie. Hy sei him ek noch: Reizgje mei dizze man op. Mei God, dy’t yn ’e himel wennet, jim hoedzje ûnderweis en jim syn ingel meijaan. Doe setten se tegearre ôf en it hûntsje fan de jonge gong mei. 18Anna, syn mem, begûn te gûlen en sei tsjin Tobit: Wêrom litst ús jonge no fuortgean? Is er net troch alles wat er foar ús docht, de grutte steun yn ús libben? 19Sit dochs net sa achter it jild oan: dat moat ús dochs net safolle wurdich wêze as ús soan? 20Foar ús is it genôch, dat wy libje kinne sa’t de Hear it ús jûn hat. 21Tobit sei tsjin har: Sit der net oer yn, lea, de jonge komt sûn werom, dat silst mei eigen eagen sjen. 22In goede ingel reizget ommers mei him op: dat mei dy reis komt it wol goed en hy komt sûn en wol werom. 23Doe hâlde se op fan skriemen.