Tobías reizget nei Ekbátana
1Dyselde deis kaam Tobit it jild yn ’t sin, dat er by Gabael lizzen hie, te Ragau yn Medië. 2Hy sei by himsels: Ik haw om ’e dea frege. Lit my Tobías, myn soan, roppe en him op ’e hichte bringe, foar’t ik stjer. 3Hy rôp him en sei: Jonge, as ik kom te ferstjerren, dan moatsto foar myn begraffenis soargje en om mem tinke. Hâld har yn eare alle dagen fan dyn libben, doch wat sy graach wol en net wat har fertret. 4Tink, jonge, oan alle noed dy’t se om dij útstien hat, foardatst der wiest. Wannear’t sy stjert, moatst har njonken my yn itselde grêf begrave. 5Tink oan de Hear ús God, alle dagen; doch gjin kwea, gean net tsjin syn geboaden yn. Doch al dyn libbensdagen wat goed is en gean net it ferkearde paad op. 6Ast it rjochte paad hâldst, dan silst gelok hawwe by alles watst dochst. 7Lykas elkenien dy’t de gerjochtichheid yn acht nimt, moatst goeddwaan mei watst hast en net mei tsjinsin. Kear dy net ôf fan in earme wa’t it ek wêze mei en God sil Him net fan dij ôfkeare. 8Ast in bulte hast, moatst dêr ek in bulte goed mei dwaan. Ast in bytsje hast, moatst net bang wêze dochs fan dat bytsje noch te jaan. 9Sadwaande leist foar dysels wat achterút foar de dei dat de need oan ’e man komt. 10Want goeddwaan is it behâld tsjin ’e dea en belet, dat men it tsjuster yn giet. 11Al wa’t de earme goeddocht, bringt dêrmei in offer dat God nei ’t sin is.
12Nim dy te wacht, jonge, foar alle ûntucht. Sykje dy in frou út dyn ôffaars folk. Nim gjin frjemde frou, ien dy’t net fan jim heite stam is, want wy komme út in profetelaach. Tink mar oan Noäch, Abraham, Izaäk en Jakob, ús fiere foarâlden, myn jonge, hoe’t dy har allegearre in frou socht hawwe út har eigen famylje en hoe’t se segene waarden yn har bern. Ja, har neiteam sil de ierde harres neame kinne. 13En fierder, myn jonge, hâld it mei dyn bruorren, tink net dat se te min foar dy binne, de soannen en dochters fan dyn folk, en kies dy in frou út har fermidden. Heechhertigens jout grutte ûnrêst en ûndergong, lykas neat-dwaan earmoed en ellinde meibringt. Ja, neat-dwaan bringt de honger te wrâld.
14As ien foar dy arbeidet, lit him dan net oan ’e oare moarns ta wachtsje op syn lean, nee, betelje it dalik út. Asto wat foar God dochst, wurdst ek beleanne. Wês wach, myn jonge, by alles watst dochste en wês yn dyn hiele dwaan en litten in man dy’t wit, hoe’t it heart. 15Doch in oar neat oan, dêrst sels net oer meist. Drink net safolle wyn, datst dronken wurdst. Gean dyn wei sûnder drankmisbrûk. 16Jou de hongerige te iten en de neakene klean. Jou de earmen watst mear as genôch hast, en doch it net mei tsjinsin. 17Wês rojaal mei brea by de begraffenis fan ’e deugdsumen, mar jou sûnders neat. 18Freegje altiten goerie oan ferstannige lju, wiis gjin inkelde rie ôf, dy’t fan nut wêze kin. 19Priizje God de Hear altiten en freegje Him, oft Er dy op it rjochte paad hâlde wol en dat dyn ûndernimmings en plannen goed beteare meie. Nee, gjin mins hat soks fan himsels. De Hear jout al it goede, mar Hy set de lju ek tebek nei syn wil en winsk. No dan, jonge, tink om myn sizzen, ferjit it net.
20En no sil ik dy fertelle, dat ik tsien talinten lizzen haw by Gabael, de soan fan Gabria, te Ragau yn Medië. 21Sit der net oer yn, jonge, dat wy earm wurden binne. Do bist ryk, ast God frezest, alle sûnde mijst en dochst, wat Him gefallich is.