Tankliet fan Tobit
1Tobit skreau dizze lofsang:
2Heech te priizjen is God, dy’t libbet yn ivichheid, prize is syn keningskip,
want Hy slacht wol, mar is ek wer barmhertich,
Hy lit yn it deaderyk delsakje, mar hellet ek wer omheech,
gjin mins kin oan syn macht ûntkomme.
3Sjong syn lof, foar alle folken,
soannen fan Israel,
want Hy hat ús ûnder harren ferstruid.
4Meitsje dêre syn gruttens bekend,
hâld Him heech by alle libbenen,
want Hy is ús Hear en God,
ús Heit yn alle ivichheid.
5Hy sil ús slaan, as wy ferkeard dogge,
mar ek wer barmhertich wêze
en ús wer byinoar bringe by alle folken wei, dêr’t jim ûnder ferstruid binne.
6As jimme jim mei hiel jim hert nei Him takeare,
mei hiel jim siel foar Him it goede dogge,
dan sil Hy Him nei jimme takeare
en syn antlit net foar jimme ferburgen hâlde.
7Sjoch, wat Hy mei jim dwaan sil,
en loovje Him sa lûd jim kinne.
Priizje de Hear, de Rjochtfeardige,
hâld de Kening fan ’e ieuwen heech.
8Ik sil Him loovje yn it lân dêr’t ik as balling tahâld,
in folk fan sûnders syn krêft en gruttens kennen leare:
bekear jim, sûnders, en doch wat Hy goed achtet;
wa wit, oft Er jimme net wer oannimme wol en barmhertich foar jim wêze?
9Myn God sil ik besjonge,
myn siel sil de kening fan ’e himel bejubelje
en syn hege majesteit.
10Lit alleman fan Him sprekke, Him loovje yn Jeruzalem.
Jeruzalem, hillige stêd,
Hy sil dy slaan om wat dyn bern dogge,
mar ek wer barmhertich wêze foar de soannen fan ’e frommen.
11Loovje de Hear, sa’t it heart,
priizje de Kening fan ’e ieuwen,
dat syn tinte yn dyn fermidden wer opboud wurde kin mei blydskip.
12Mei Er de ballingen om dij bliid meitsje,
om dij de ûngelokkigen leafhawwe,
foar alle kommende tiden.
13Hiel wat folken sille fan fierrens op ’e namme fan God de Hear ôfkomme,
mei jeften yn ’e hannen, jeften foar de Kening fan ’e himel;
yn dij sille se Him huldigje, fan âlder op âlder.
14Flok oer elkenien dy’t dij hatet,
ivige segen foar elkenien dy’t dij leafhat.
15Wês bliid en jubelje oer de soannen fan ’e frommen,
se sille wer byinoar brocht wurde
en de Hear fan ’e frommen priizje.
Hoe gelokkich binne dy’t dij leafhawwe,
se sille bliid wêze mei dyn frede.
16Gelokkich allegearre dy’t fertriet hienen om ’e slaggen dysto krigest
want se kinne bliid wêze, as se al dyn gloarje sjogge,
en jubelje oant yn ivichheid.
Fan God, de grutte kening moat ik sjonge.
17Ja, Jeruzalem, do silst wer opboud wurde mei saffier en smaragd,
edelstiennen komme yn dyn muorren,
kleare goud yn dyn tuorren en bolwurken;
dyn strjitten, Jeruzalem, sille fluorre wurde mei beryl, karbonkels en stiennen út Ofir.
18Oeral yn ’e stêd sille se Halleluja roppe en jubelje
en sizze: Heech te priizjen is God, Hy segenet altyd wer.