Sinne, moanne en stjerren
1In pronkstik dêr omhegen, in klear ferwulft,
sa sjocht men de himel, in prachtich gesicht.
2As de sinne yn ’t opgean boppe de kym komt, ferkundiget er
dat er in wûnderwurk is, dat de Hear makke hat.
3As er op it heechst stiet, lit er it lân útdroegje,
wa sil it úthâlde ûnder syn hjitte?
4De oven wurdt oanpûstere om hjitte te krijen,
mar trije kear sa hjit brânt de sinne op ’e bergen;
fjurrige dampen blaast er út,
mei syn strielen ferblinet er de eagen.
5Grut is de Hear dy’t him makke hat;
op dy syn wurd giet er hastich syn wei.
6Sa jout ek de moanne altiten sekuer
de tiden en de tijdsbestekken oan;
7neffens de moanne wurde de feesten berekkene,
it ljocht dat fersit, as er syn rin folbrocht hat.
8Dêr hat de moanne fan it jier syn namme fan;
hy wint by ’t wikseljen wûnderbaarlik oan,
in beaken foar it hearleger dêr omheech,
sa’t er skynt oan it ferwulft fan ’e himel.
9De pronk fan ’e himel is it skynsel fan ’e stjerren,
in flonkerjend sieraad yn ’e hege himel fan ’e Hear.
10Op befel fan ’e Hillige steane se stil sa’t Him goedtinkt,
se sille har post net ferlitte.
Oare natuerferskynsels
11Sjoch nei de reinbôge en segenje dy’t him makke hat,
tige leaflik yn syn glâns.
12Hy beskriuwt yn ’e himel in rûne bôge,
de hannen fan ’e Allerheechste hawwe him spand.
13Hy jout befel en jaget de snie nei ûnderen,
Hy lit de wjerljochtslaggen fan syn oardiel hastich útgean.
14Sadwaande wurde syn skatkeamers iepenmakke
en fljogge de wolken as fûgels út;
15troch syn macht makket Er de wolken swier
en wurde de hagelstiennen stikkenbrutsen;
16dêr’t Hy ferskynt, skodzje de bergen,
op syn wil begjint de sudewyn te waaien.
17It lûd fan syn tonger docht de ierde ferwiten,
de orkaan út it Noarden en de wynhoas.
18Hy struit de snie út as fûgels dy’t delfleane,
as delsaaiende sprinkhoannen komme de flokken op ’e grûn;
it is in lust foar it each, sa moai en sa wyt is it,
it hert stiet fersteld as it delfalt.
19Hy struit de ryp as sâlt op ’e ierde,
it befriest en wurdt sa skerp as stikels.
20De kâlde noardewyn begjint te waaien
en der komt in iislaach oer it wetter;
op elke wetterpoel leit it him del
en it is oft it wetter mei in pânser beklaaid wurdt.
21Hy fertart de bergen en ferbrânt de woestyn
en lit it jonge grien ferdroegje as troch fjoer.
22Alles komt wer by, as der ynienen in wolk oankomt,
de dauwe, dy’t nei de hjitte opsetten komt, ferkwikt alles.
23Neffens syn plan hat Er de ôfgrûn ta bedarjen brocht
en dêr eilannen yn plante.
24Dy’t de see befarre, ferhelje fan har gefaren
en wy fernuverje ús oer wat wy te hearren krije;
25dêr binne ûnwierskynlike en wûnderlike skepsels,
alderlei soarten fan dieren en seemeunsters.
26God soarget dat it syn boadskipper goed giet,
troch syn wurd binne alle dingen gearfoege.
Gods majesteit is net yn wurden út te drukken
27Wy brûke gâns wurden, mar kinne net sizze, wat wy bedoele.
Yn ien wurd sein: Hy is alles.
28Wêr helje wy de krêft wei om Him te ferhearlikjen?
want Hy is grutter as alles wat Er makke hat.
29Te freezjen is de Hear en tige grut,
syn macht is wûnderlik.
30Ferhearlikje en ferheegje de Hear
sa heech as jimme kinne, want Hy giet dêr noch boppe út.
Set jim te skoar as jim Him ferheegje,
wurd der net wurch fan, al berikke jimme jim doel net.
31Wa hat Him sjoen en kin dêr fan ferhelje?
Wa sil Him grut meitsje lykas Er is?
32Gâns is ferburgen dat grutter is as ditte,
wy hawwe noch mar in bytsje fan syn wurken sjoen.
33Want de Hear hat alles makke
en de frommen hat Er wysheid jûn.