De dea
O dea, wat is it bitter, oan dy te tinken
foar in man dy’t fredich libbet mei syn besittingen om him hinne,
ien dy’t gjin soargen ken, wa’t alles foar de wyn giet,
en dy’t noch sa sûn is, dat it iten him goed smakket.
O dea, dyn fonnis is wolkom
foar in man dy’t it krap hat, waans krêften minderje,
ien dy’t stokâld is en oeral oer ynsit,
dy’t wrokket en gjin wjerstân mear hat.
Wês net bang foar it fonnis fan ’e dea,
tink oan har dy’t foar dy west hawwe en dy’t nei dy komme sille.
Dat is in fonnis fan Godswegen oer al wat libbet.
Wêrom soest dan fersmite wat de Allerheechste goedtinkt?
Oft it libben no tsien of hûndert of tûzen jier duorre hat,
yn it deaderyk kin men der net mear tsjin opkomme.
Sûndich skaai wachtet neat as ferdjer
Mislike bern wurde it, dy bern fan sûndige lju,
se hâlde ta dêr’t de goddeleazen gearhokje.
Fan bern fan sûnders giet it erfskip ferlern,
har neiteam bliuwt foar altyd ferspuid.
De bern fan in goddeleaze dogge har heit ferwiten,
want hy is de oarsaak fan har skande.
Wee jimme, goddeleaze mannen,
dy’t fan ’e wet fan ’e Allerheechste ôfwykt binne.
Binne jimme te wrâld kommen, dan is it om ferflokt te wêzen,
binne jimme stoarn, dan leit de flok noch op jimme.
Al wat út ’e ierde fuortkomt, komt yn ’e ierde werom,
sa komme de goddeleazen fan ’e ferflokking ta de ûndergong.
De rou fan ’e minsken jildt it lichem,
mar fan ’e sûnders wurdt ek de namme fergetten, omdat dy net goed is.
Stean noed foar dyn namme, want dy hâldst langer
as tûzen grutte skatten fan goud;
fan in goed libben binne de dagen te tellen,
mar in goede namme hâldt altyd stân.
Wêr’t men jin al en net foar skamje moat
Bern, hâld rêstich fêst oan wat jimme bybrocht is;
wysheid dy’t men benefter hâldt en in skat dy’t men net sjocht,
wat hawwe dy beide foar nut?
Better in minske dy’t syn dwaasheid benefter hâldt
as ien dy’t syn wysheid benefter hâldt.
Dêrom, skamje jimme foar wat ik opneame sil,
want it is net goed, oeral skamte foar te fielen,
en alles wurdt net troch elk yn goed fertrouwen oannommen.
Skamje jimme foar jimme heit en mem om huorkerij
en foar in foarst en regearder om leagen,
foar in rjochter en bestjoerder om misdriuw
en foar de folksgearkomste om it oantaasten fan ’e wet,
foar in maat en freon om ûnrjocht,
foar de buorlju om dieverij.
Skamje jim foar Gods wierheid en foar syn ferbûn oer,
skamje jim om by it brea-iten mei de earmtakke op ’e tafel te lizzen.
Skamje jim om te skimpen by nimmen en jaan
en om te swijen as de lju jim groetsje,
om in frou fan lichte seden oan te sjen
en de oare kant op te sjen as der in famyljelid oankomt.
Skamje jim om in oar it part te ûntnaderjen dat er krige hat
en om eagen te slaan op in oar syn frou.
Skamje dy, dy mei dyn slavinne ôf te jaan,
kom net by har bêd.
Skamje dy foar freonen om ferwitende wurden,
meitsje gjin ferwiten nei it jaan.
Skamje dy, oer te krantsjen watst heard hast
en út te bringen wat geheim bliuwe moat.
Dan skammest dy foar dingen dêr’t men jin wier foar skamje moat
en elkenien sil dy lije meie.