De ropping fan ’e wize
Dan is it al oars mei ien dy’t him derop útleit
om de wet fan ’e Allerheechste te bestudearjen.
Dy ûndersiket de wysheid út âlde tiden
en hâldt him dwaande mei de útspraken fan ’e profeten.
Hy ûnthâldt de ferhalen fan ’e ferneamde lju
en ferdjippet him yn ’e bedoeling fan ’e spreuken.
Hy ûndersiket de ferhoalen sin fan ’e sprekwurden
en jout him yn ’e ferburgen betsjutting fan ’e spreuken.
By de hegerein docht er syn tsjinst,
men sjocht him yn it selskip fan foarsten.
Hy bereizget it lân fan frjemde folken,
hy wit by ûnderfining fan goed en kwea ûnder de minsken.
Hy komt der ier-en-betiid ôf
om himsels oan syn Skepper te wijen;
dan bidt er ta de Hear. Hy docht de mûle iepen yn gebed
en hy bidt fanwegen syn sûnden.
As de grutte Hear dat wol,
wurdt de geast fan it ferstân him folop jûn;
dan sille de wize wurden út himsels opwâlje
en hy sil yn syn gebed de Hear priizje.
Hy sil in sûn en ferstannich oardiel hawwe
en oer Gods geheimen neitinke.
Hy makket buorkundich wat er by syn stúdzje leard hat,
en hy jout heech op fan ’e wet fan it ferbûn mei de Hear.
Mannichien sil syn ynsjoch priizje,
it sil yn der ivichheid net útwiske wurde.
Syn oantinken giet net ferlern,
syn namme sil fuortlibje oan ’e fierste neiteam ta.
Folken sille fan syn wysheid ferhelje,
de gemeente sil syn lof sjonge.
As er lang libbet, sil er ferneamd wêze boppe tûzen oaren
en as er komt te ferstjerren, kin er tefreden wêze.
Oprop om God te loovjen
Ik sil fertelle wat ik fierder noch betocht haw,
ik bin sa fol as de folle moanne.
Harkje nei my, bêste bern, en rin út
lykas in roas dy’t by in wetterstream waakst.
Jou swietrook ôf lykas fan wijreek
en bloei as de leeljes.
Jou swietrook ôf en sjong in lofsang,
priizje de Hear om alles wat Er makke hat.
Jou syn namme eare
en jubelje syn lof út;
sjong Him in liet en bespylje de liere,
ja, loovje Him mei dizze wurden:
Wat is it útsûnderlike moai, wat de Hear allegearre docht,
al syn oarders wurde op har tiid útfierd.
Men kin net freegje: Wat is dat? Wêr tsjinnet dat foar?
Want alles wurdt op syn tiid ûndersocht.
Op syn befel bliuwt it wetter stean, op in bult,
as Hy it seit, komme der skuorren om it wetter yn te bergjen.
As hy oarders jout, wurdt folbrocht wat Him goedtinkt,
en der is net ien dy’t syn heilswurk opkeare kin.
Hy sjocht it dwaan en litten fan alle minsken,
men kin neat foar Him ferburgen hâlde.
Fan ivichheid ta ivichheid sjocht Hy derop ta,
en neat is foar Him te wûnderlik.
Men kin net freegje: Wat is dat? Wêr tsjinnet dat foar?
Want alles is skepen mei syn eigen doel.
Syn segen rint oer lykas in rivier,
en jout it toarre lân te drinken lykas in oerstreaming.
Lyksa sil syn lilkens oer de heidenfolken komme,
lykas Er wetter yn pikel feroaret.
Syn wegen binne sljocht foar de frommen,
foar de ferkearden lykwols oars net as hulten en bulten.
It goede leit foar de goede minsken klear fan it oanbegjin ôf,
lyksa it kweade foar de sûnders.
It earste dat in minske nedich hat om yn libben te bliuwen,
is wetter, fjoer, izer, sâlt,
weetmoal, molke en hunich,
druvesap, oalje en klean;
al dy dingen binne goed foar de frommen,
mar, foar de sûnders feroarje se yn ferkearde dingen.
Der binne winen, skepen as ynstrumint fan ’e wrake,
yn syn lilkens lit Er har slaggen hurd oankomme.
As de tiid der ryp foar is, litte se har krêft blike,
dat de lilkens fan ’e Skepper in útwei fine mei.
Fjoer, hagel, honger en dea,
dy allegearre binne skepen as ynstrumint fan ’e wrake;
ferskuorrende dieren, skorpioenen en slangen
en it wreekjende swurd om de goddeleazen te ferdylgjen.
Se hawwe nocht oan it wurk dat harren opdroegen is,
se stean altyd klear as der op ierde ferlet fan har is,
en as har tiid der is, sille se syn befel goed neikomme.
Hjir haw ik fan it begjin ôf wis fan west,
ik haw der oer neitocht en it op skrift set.
Alles wat God docht is goed,
en Hy soarget op ’e tiid foar alles dêr’t ferlet fan is.
Men kin net sizze: ‘Dit is minder goed as dat,’
want alles blykt goed te wêzen op syn tiid.
No dan, sjong dan lûd en fan herten,
en priizje de namme fan de Hear.