Sprekken is sulver, swijen is goud
1Der binne terjochtwizingen dy’t net fan pas komme,
dan is it ferstanniger en doch it swijen derta.
2Dochs is it folle better, ien teplak te setten, as lilk te wurden,
3en ien dy’t foar syn skuld útkomt, rekket frij fan feroardieling.
4Lykas in eunúch dy’t in jongfaam te nei komme wol
is hy dy’t syn rjocht mei geweld nimt.
5Guon swije en wurde foar wiis oansjoen;
oan oaren hat elk it mier om har geëamel.
6Guon swije omdat se gjin wjerwurd hawwe,
oaren swije omdat se har tiid ôfwachtsje.
7In wiis man hâldt him stil oant it syn tiid is,
mar in domme praatsjemakker nimt syn tiid net yn acht.
8Dy’t mar oan en mar wei praat, wurdt skoudere
en ien dy’t de baas spylje wol, hat elk it mier oan.
It is allegearre gjin goud, wat der blinkt
9In minske hat soms gelok by in ûngelok,
mar in ferfaltsje kin op skea útrinne.
10Soms is men goederjouwsk sûnder dat it fertuten docht,
men is ek wolris goederjouwsk dat men it dûbeld en dwers weromkrijt.
11Soms wurdt men fernedere omdat men heech yn eare stiet,
der binne ek guon dy’t út har fernedering de holle optille meie.
12Guon keapje in soad foar in bytsje jild
en dochs moatte se it sândûbeld betelje.
13In wize makket himsels bemind troch syn wurden,
mar it moaipraat fan in dwaas is om ’e nocht.
14It presintsje fan in dwaas wurdst net better fan,
want hy hat in hiel soad begearige eagen ynpleats fan ien.
15Hy jout in bytsje en makket oeral kapsje op,
hy skuort de mûle iepen as in omropper.
16De dwaas seit: Ik haw gjin freon,
en ik krij gjin tank foar myn woldieden;
17dy’t syn brea ite, sprekke kwea fan him.
Hoefolle minsken soenen him altiten útlaitsje?
Tink derom watst seist
18Men kin better op ’e flier útglide as mei de tonge,
want dêrmei falle de ferkearde lju op ’en gausten.
19In ferfelend minske is as in ferhaal dat gjin pas jout,
dat ûnbesnoeide lju algeduerigen wer fertelle.
20In spreuk wurdt ôfwiisd, as in dwaas him nei foaren bringt;
want hy komt der net op it rjochte stuit mei.
21Guon wurde troch earmoed fan sûndigjen ôfhâlden,
dy hoege yn har liddige oeren gjin berou te fielen.
22Guon dogge harsels de ûndergong út skamte,
want hja binne bang oars in gek figuer te slaan.
23Guon dogge út skamte in belofte oan in freon
en meitsje dy sûnder reden ta fijân.
24In leagen is in rare smet op jins namme,
ûnbesnoeide lju nimme dy oan ien tried wei yn ’e mûle.
25Better in dief as ien dy’t oan ien tried wei liicht,
mar mei allebeide rint it ferkeard ôf.
26De moade om te ligen bringt jin yn ûneare,
jins skande ferfolget jin oeral.
Brûk dyn wysheid
27De wize twingt achting ôf om syn wurden,
in ferstannich man is de hegerein nei ’t sin.
28Dy’t it lân bearbeidet, ferheget dêr de opbringst fan,
en dy’t it de hegerein nei ’t sin docht, makket syn ûngerjochtichheid goed.
29Jeften en presintsjes ferblynje de eagen fan wizen,
as in slot op ’e mûle hâlde se terjochtwizingen tsjin.
30Wysheid dy’t ferburgen bliuwt en in skat dy’t net foar it ljocht komt,
wat hawwe dy beide foar nut?
31Leaver in minske dy’t syn dwaasheid foar himsels hâldt
as ien dy’t syn wysheid foar himsels hâldt.