1As in needrich minske wiis is, mei er de holle heech drage
en in plak ha by de hegerein.
2Priizje in man net om syn kreas foarkommen
en ha gjin wjeraksel yn in minske om syn uterlik.
3De bij is ien fan ’e lytste dieren dy’t fleane kinne,
mar wat er byinoar bringt, is it swietste wat der bestiet.
4Pronkje net mei dyn klean
en wurd net grutsk as de lju dy priizje;
want it wurk fan ’e Hear is wûnderbaarlik;
it bliuwt foar de minsken ferburgen.
5Gâns hearskers binne op ’e strjitte set
en ien dêr’t men it noait fan tocht hie, mocht in kroan drage.
6Gâns machtigen waarden djip fernedere
en oer oansjenliken waarden oaren de baas.
Net te hastich wêze
7Foardatst de saak ûndersocht hast, meist der gjin kapsje op meitsje;
tink earst goed nei, foardatst ferwiten makkest.
8Jou gjin andert, earst de oar oanheard hast,
slaan de mûle der net yn, ear’t er útpraat is.
9Tsier net oer in saak dy’t dy net oangiet
en nim gjin sit yn in rjochtbank fan sûnders.
10Myn soan, bemuoi dy net mei alle saken tagelyk;
asto tefolle by de ein hast, kinst noait frij fan skuld bliuwe;
al jagest der achter oan, do kinst se net neikomme;
do kinst dy der ek net útrêde troch fuort te rinnen.
11Guon arbeidzje en fleane en drave,
mar se reitsje hoe langer hoe fierder fan hûs.
Fertrou op God en net op jild
12Guon binne sleau en hingje fan oaren ôf,
o sa swak en sa earm as ’t mar kin,
mar de Hear sjocht goedgeunstich op har del
en Hy helpt har oerein út har heukerich bestean.
13Hy makket dat se de holle optille kinne
en de minsken fernuverje harren der allegearre oer.
14Goed en kwea, libben en dea,
earmoed en rykdom komt fan ’e Hear.
17Wat de Hear jout, dat meie de fromme minsken hâlde
en syn wolbehagen sil har foar altyd foarspoedich meitsje.
18Guon wurde ryk troch deunens en skrielens
mar dit is it lean dat se barre:
19dat se sizze: Ik nim it der fan,
no kin ik fan myn besit wol libje,
mar se witte net hoefolle tiid se noch te goede hawwe,
en by de dea moatte se it besit oan oaren neilitte.
20Bliuw by dyn baan, wij dy dêroan
en wurd âld yn dyn wurk.
21Bewûnderje net wat in sûnder docht,
mar fertrou op ’e Hear en doch trou dyn wurk,
want it is de Hear suver neat
om in earm minske samar ynienen ryk te meitsjen.
22De segen fan ’e Hear sit yn it lean dat de fromme bart,
en Hy lit syn segen yn koarte tiid opbloeie.
23Sis net: Wat bin ik noch brek,
en wat foar goeds haw ik no noch te winskjen?
24Sis net: Ik haw genôch,
wat kin my no noch oerkomme?
25De deis fan it gelok heucht jin it ûngelok net mear,
mar de deis fan it ûngelok tinkt men net mear oan it gelok.
26Want it is de Hear suver neat
om de minske by syn dea te leanjen nei wat er dien hat.
27Ien oere fan tsjinstuit en de weelde is fergetten
en yn jins lêste oere komme jins dieden oan it ljocht.
28Neam gjin minske gelokkich foar syn dea,
oan syn bern sil men de man kenne.
Pas op wa’st yn ’e hûs nimst
29Helje Jan-en-alleman net oer de flier,
want in bedrager sit fol streken.
30In lokfûgel yn in koer, sa is it hert fan in grutskert,
as in spion hat er dyn ûndergong op it each.
31Hy leit op ’e loer, wylst er it goede as kwea foarstelt,
hy bekladdet dyn bêste freonen.
32Ien fûnkje set in heap houtskoal yn ’e brân
en in ûndogensk minske loert op bloed.
33Pas op foar de kweadogger, want hy bret wat ferkeards út,
oars bekladdet er dy foar altiten.
34Helje mar ris in frjemd oan; hy bringt dy yn ferlegenheid
en ferfrjemdet dy fan dyn eigen folk.