Wêr’t de wysheid wei komt
1Alle wysheid komt fan ’e Hear,
en bliuwt foar ivich by Him.
2It sân fan ’e seeën, de drippen fan ’e rein
en de dagen fan ’e ivichheid – wa kin dy telle?
3De hichte fan ’e himel en de omfang fan ’e ierde
en de ôfgrûn en de wysheid – wa sil se neigean?
4Foar alle dingen waard de wysheid skepen,
ja it ferstannich ynsjoch is der al fan ’e âldste tiden ôf.
6De woartel fan ’e wysheid, oan wa is dy bleatlein?
har plannen – wa ken se?
8Der is mar Ien dy’t wiis is, tige te freezjen,
dy’t sit op syn troan.
9De Hear sels hat har skepen,
Hy seach har en dielde har út
en geat har út oer al syn wurken;
10hja is by al wat libbet, al nei’t Er har jûn hat
en elk dy’t fan Him hâldt, hat Er der mei betocht.
Hâld de Hear foar eagen
11De Hear foar eagen hâlde betsjut eare en rom,
blydskip en in freugdekrânse.
12De Hear foar eagen hâlde makket jin fleurich,
it jout jin blydskip en wille en in lang libben.
13Dy’t de Hear foar eagen hâldt, krijt in sêft útein;
de deis fan syn dea sil er segene wurde.
14De grûnslach fan ’e wysheid is: dat men de Hear foar eagen hâldt;
by harren dy’t fertrouwe is hja yn ’e memmeskurte al ynskepen.
15Under de minsken hat hja har nestele, in ivich fûnemint,
en by har neiteam sil hja betrouwen fine.
16De folheid fan ’e wysheid is: de Hear foar eagen te hâlden;
dan sil se harren dronken meitsje fan har fruchten.
17Harren hiele hûs sil se fol meitsje mei begearlike dingen,
de skuorren mei har risping.
18De bekroaning fan ’e wysheid is: de Hear foar eagen te hâlden;
dat lit frede opbloeie en sûne libbenskrêft.
19Hy seach har en dielde har út,
kennis en ferstannich ynsjoch joech Er as stjalpich reinen
en dy’t dêroan fêsthâlde brocht Er heech yn eare.
20De woartel fan ’e wysheid is: de Hear foar eagen te hâlden,
en de tûken binne in lang libben.
Haw dysels yn ’e macht
22As in minske sûnder reden lilk wurdt, is dat net goed te praten;
troch syn slimme lilkens rekket er yn ’t ûnleech.
23In geduldich man hâldt salang út dat syn tiid komt
en op ’t lêst sil de blydskip foar him opwâlje.
24Salang’t it syn tiid net is, hâldt er him stil,
mar de minsken sille allegearre fertelle, hoe ferstannich’t er is.
25Yn ’e skatkeamers fan ’e wysheid binne wize spreuken
mar de sûnder hat in ôfgriis fan ’e tsjinst fan God.
26Begearsto wysheid, hâld dy dan oan ’e geboaden,
en de Hear sil se dy jaan.
27Want God foar eagen hâlde is wysheid en selsbehearsking;
Hy hat in behagen yn trou en dimmenens.
28Ferset dy der net tsjin, de Hear foar eagen te hâlden;
nim foar de wysheid oer gjin healslachtige hâlding oan.
29Doch dy net moai foar yn it petear mei de minsken,
nim dyn lippen yn acht.
30Ferhef dysels net, datst net komst te fallen
en dysels in kroan op ’e holle setst,
want dan sil de Hear dyn ferburgen bedoeling oan it ljocht bringe;
midden yn ’e gemeente sil Er dy delsmite
omdatst de Hear net foar eagen hâlde woest
en dyn hert fol bedroch wie.