Dea foar de sûnde, mar liepen yn Kristus
1Wat sille wy der dan fan sizze? Dat wy oanhâlde moatte mei sûndigjen om de genede oanwinne te litten? 2Ut-noch-yn net. Wy binne stoarn foar de sûnde, hoe soenen wy dêr dan noch yn libje kinne? 3Of witte jimme net dat wy allegearre dy’t troch de doop mei Jezus Kristus ferbûn binne, dêrtroch mei syn dea ferbûn binne? 4Wy binne dus troch de doop yn syn dea mei Him begroeven, dat, lykas Kristus út ’e deaden opwekke is troch de hearlike macht fan ’e Heit, sa ek wy in nij libben lizze soenen. 5Want as wy ien lichem mei Him wurden binne troch wat oan syn stjerren gelyk is, dan sille wy dat ek wêze troch wat oan syn ferrizenis gelyk is. 6Wy witte dit ommers: ús âlde minske is mei Him krusige, dat der in ein komme mocht oan dizze sûndige natuer en wy sa net langer slaven fan ’e sûnde wêze soenen. 7Want dy’t stoarn is, is fan ’e sûnde befrijd.
8As wy no mei Kristus stoarn binne, dan leauwe wy dat wy ek mei Him libje sille. 9Want wy witte dat Kristus mei’t Er út ’e deaden opwekke is, noait mear komt te ferstjerren: de dea hat gjin macht mear oer Him. 10De dea dy’t Er stoarn is, wie de dea foar de sûnde, ienkear foar altyd. Mar it libben dat Er no leit, is in libben foar God. 11Sa moatte jimme jimsels ek sjen: as dea foar de sûnde, mar as libben foar God yn mienskip mei Kristus Jezus.
12Lit dan de sûnde net langer sa yn jim stjerlike lichem hearskje, dat jimme tajouwe oan wat dat lichem begeart. 13Meitsje jimme lichem net langer tsjinstber oan ’e sûnde as in wapen fan ’e ûngerjochtichheid, mar meitsje jimsels tsjinstber oan God as minsken dy’t út ’e dea wer ta it libben opstien binne, en meitsje jim lichem tsjinstber oan God as in wapen fan ’e gerjochtichheid. 14Want de sûnde sil net langer baas oer jim spylje, jimme steane ommers net mear ûnder de wet, mar ûnder de genede.
Slaven fan ’e gerjochtichheid
15Wat betsjut dat no? Kinne wy dan mar omraak sûndigje, om’t wy net ûnder de wet, mar ûnder de genede steane? Ut-noch-yn net. 16Witte jimme net, dat jimme as jim jimsels tsjinstber meitsje oan ien om te dwaan wat dy seit, jimme dêrmei syn slaven binne en jim ûnder him deljaan moatte: òf fan ’e sûnde, dy’t op ’e dea útrint; òf fan ’e hearrigens oan God, dy’t op gerjochtichheid útrint? 17Mar tank oan God! Want jimme hawwe earder slaven fan ’e sûnde west, mar no hawwe jimme jim fan herten deljûn ûnder de lear lykas dy jimme oerlevere is. 18Jimme binne befrijd fan ’e sûnde en slaven fan ’e gerjochtichheid wurden. 19Ik brûk in byld út it libben fan al-den-dei, om’t jimme mar swakke minsken binne. Eartiids hienen jimme jim lichem alhielendal as slaven tsjinstber makke oan ’e ûnreinens en ferkeardens, en sa ferfoelen jimme ta al slimmer ferkeardens. Krektsa hawwe jimme no jimsels as slaven tsjinstber makke oan ’e gerjochtichheid en geane jimme op ’e hilliging ta.
20Want doe’t jimme slaven fan ’e sûnde wienen, hienen jim neat te krijen mei de gerjochtichheid, 21wat hat dat jimme no opsmiten? Dingen dêr’t jimme jim no om skamje. Want se rinne út op ’e dea. 22No lykwols binne jimme fan ’e sûnde befrijd en slaven wurden fan God, en dat jout as frucht dat jim oan God tawijd binne. En dat rint wer út op it ivige libben. 23Want de soldij dy’t de sûnde jout, is de dea, mar wat God ús yn syn genede skinkt, is it ivige libben yn mienskip mei Kristus Jezus ús Hear.