Romeinen 5
Fruchten fan ’e rjochtfeardiging
1No’t wy rjochtfeardich ferklearre binne troch it leauwen, hawwe wy frede mei God troch ús Hear Jezus Kristus. 2Wy hawwe no’t wy leauwe troch Him tagong krige ta dy genede dêr’t wy fêst yn steane. En wy geane grut op ús hope, dat wy yn Gods hearlikheid diele sille. 3En dat net allinnich, mar wy geane ek grut op ús benearingen, om’t wy witte dat de benearing liedt ta úthâlden, 4en úthâlden liedt der ta dat wy Gods oardiel treast binne. En dat treast-wêzen wer ta hope. 5En de hope stelt ús net teloar, want Gods leafde is ús yn it hert útstoart troch de hillige Geast dy’t ús jûn is.
6Want doe’t wy noch swak wienen, is Kristus op Gods tiid al foar ús, goddeleazen, stoarn. 7Net sa gau sil ien ommers foar in rjochtfeardige stjerre wolle. Mar faaks soe ien der noch ta komme kinne om dat te dwaan, as it foar in goed minske is. 8God lykwols hat ús dúdlik sjen litten dat Er ús leaf hat: Want doe’t wy noch sûnders wienen, is Kristus foar ús stoarn. 9Troch syn dea hawwe wy no de frijspraak krige. Nammerstemear sille wy dan troch Him bewarre bliuwe foar Gods grime. 10Doe’t wy noch fijannen wienen, binne wy mei God fermoedsoene troch de dea fan syn Soan. No’t wy fermoedsoene binne, sille wy dan nammerstemear bewarre bliuwe troch syn libben. 11En dat net allinnich, mar wy geane grut op God troch ús Hear Jezus Kristus, troch wa’t wy no de fermoedsoening krige hawwe.
Adam en Kristus
12De sûnde is troch ien minske yn ’e wrâld kommen en troch de sûnde de dea. Dêrom hat de dea gjin minske oerslein om’t allegearre sûndige hawwe. 13Want der wie al sûnde yn ’e wrâld ear’t de wet jûn waard, mar de sûnde wurdt net oanrekkene as der gjin wet is. 14Lykwols hat de dea as kening hearske fan Adam ôf oant Mozes ta, èk oer dy’t net sûndige hawwe op deselde wize as Adam tsjin Gods gebod yngien wie. Adam is in foarbyld fan Him dy’t komme soe.
15No stiet it mei de genede dy’t God jout, net krekt sa as mei de misslach fan Adam. Want as al troch de misslach fan dy iene minske de grutte mannichte stoarn is, noch helte grutter is de genede fan God om de oerfloedige jefte oan de grutte mannichte troch de genede fan ’e iene minske Jezus Kristus. 16En mei wat God jout, stiet it hiel oars as mei de sûnde fan dy iene minske. Nei de iene sûnde kaam it oardiel: skuldich. Mar nei withoefolle misslaggen komt de genede-jefte fan God: frijspraak. 17Troch de misslach fan dy iene minske is de dea oan ’e macht kommen, troch him allinnich. Nammerstemear sille sy dy’t de genede en de gerjochtichheid as oerfloedich geskink krije, libje en hearskje troch dy iene minske, Jezus Kristus.
18Sa hat ien misslach foar alle minsken de feroardieling meibrocht en krektsa hat ien rjochtfeardige died foar alle minsken de frijspraak meibrocht, dy’t har it libben jout. 19Ien minske hat net om sizzen jûn, dêrom is de grutte mannichte foar sûnder rekkene. Krektsa is ek de grutte mannichte foar rjochtfeardich rekkene, om’t dy iene dien hat wat God sei. 20Mar de wet is derby kommen om de misslaggen oanwinne te litten. Dêr’t de sûnde lykwols oanwûn is, is de genede âlderoerfloedichst wurden. 21De sûnde is oan ’e macht kommen troch de dea. Sa is it Gods bedoeling dat ek de genede oan ’e macht komme sil troch de gerjochtichheid dy’t ús it ivige libben jout, troch Jezus Kristus ús Hear.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap