De Joaden
1Wat hat in Joad dan op oaren foar of wat jout it om besnien te wêzen? 2Gâns en oer alle boegen. Alderearst al, dat harren Gods wurden tabetroud binne. 3Wat soe it dan, as guon fan har ûntrou wurden binne? Soe har ûntrou Gods trou teneate dwaan? 4Ut-noch-yn net. Mar sa moat it wêze: God is betrouber, al binne alle minsken leageners, lykas beskreaun stiet:
Dat Jo gelyk krije yn jo wurden
en it pleit winne as Jo oardiele wurde.
5Mar as ús ûngerjochtichheid Gods gerjochtichheid útkomme lit, hoe moatte wy dêr dan mei oan? Is God dan ûnrjochtfeardich as Er ús syn grime fiele lit? – No riddenearje ik as minske – 6Ut-noch-yn net. Hoe soe God oars de wrâld oardielje kinne? 7Mar as Gods betrouberens, ta syn gloarje, dúdliker útkomt troch myn ûnbetrouberens, wêrom oardielje se my dan noch as in sûnder? 8Wêrom soenen wy dan net sizze – lykas guon my neijouwe dat ik sis, mar it is sa net – lit ús it ferkearde dwaan, dat it goede derút fuortkomme mei? Sokke minsken wurde mei rjocht en reden feroardiele.
Gjin minske is rjochtfeardich
9Hoe sit it no? Hawwe wy as Joaden wat foar? Gjin sprake fan. Want wy hawwe al earder Joaden en Griken der allegearre fan beskuldige dat se yn ’e macht fan ’e sûnde binne. 10It is sa’t beskreaun stiet:
Gjin minske is rjochtfeardich, ek net ien.
11Der is net ien mei begryp,
der is net ien dy’t God siket.
12Allegearre binne se op ’e doele rekke,
mei-inoar binne se ta weismiten keard.
Nimmen docht wat goed is, noch net ien.
13In iepen grêf is har kiel,
se brûke de tonge om te bedragen,
njirrefenyn skûlet har achter de lippen.
14Se hawwe de mûle fol fan ferflokking en bitterens,
15se binne der gau by as der bloed te ferjitten is.
16Ferwoesting en ellinde tekenje har paad.
17De wei dy’t frede bringt, hawwe se noait fan witten.
18Untsach foar God stiet har net foar eagen.
19No witte wy dat alles wat de wet seit, bedoeld is foar har dy’t ûnder de wet falle. Net ien hat dus mear wat yn te bringen, mar de hiele wrâld falt sa ûnder it oardiel fan God. 20Dêrom sil gjin minske yn Gods eagen frij-út gean om’t er docht wat de wet seit. Want de wet leart ús allinne mar wat sûnde is.
Frijspraak troch it leauwen
21Mar no is, los fan ’e wet, oan it ljocht kommen, hoe’t God minsken frijsprekt, dêr’t de wet en de profeten fan getuge. 22Hoe’t God frijsprekt troch it leauwen yn Jezus Kristus, allegearre dy’t leauwe. Want der is gjin ûnderskie. 23Allegearre hawwe se ommers sûndige en dêrom moatte se de hearlikheid dy’t God jout, misse, 24mar se wurde frijsprutsen inkeld en allinne troch syn genede, fanwegen de ferlossing yn Kristus Jezus. 25Him hat God oanwiisd as soenoffer troch syn dea, sa’t wy dat troch it leauwen oannimme. Hy hat dat dien om syn gerjochtichheid sjen te litten, mei’t Er de sûnden dy’t de minsken yn it ferline bedreaun hienen, noch net strafte 26yn syn langmoedigens, om yn dizze tiid syn gerjochtichheid sjen te litten: dat Er sels frij fan sûnde is en tagelyk elk frijsprekt dy’t út it leauwen yn Jezus libbet.
27Wêr bliuwe wy no mei ús grutskens? Dy is bûtendoarren. Troch hokker wet? Dy fan ’e goede dieden? Nee, troch de wet fan it leauwen. 28Want wy binne fan betinken, dat in minske troch it leauwen frijsprutsen wurdt, los fan ’e dieden dy’t de wet foarskriuwt. 29Of is God faaks allinne de God fan ’e Joaden? Is Hy net likegoed de God fan ’e heidenen? Fansels ek fan ’e heidenen, 30om’t der ien God is dy’t de besnienen rjochtfeardigje sil op grûn fan har leauwen en de ûnbesnienen troch har leauwen. 31Dogge wy dus troch it leauwen de wet te neate? Ut-noch-yn net. Wy befêstigje krekt de wet.