Iepenbiering 17
It fizioen fan de hoer dy’t op it beest sit
1Doe kaam der ien fan ’e sân ingels mei de sân skalen, en dy spriek my sa oan: No sil Ik dy sjen litte hoe’t de grutte hoer, dy’t by de wetterstreamen sit, oardiele wurdt. 2Mei har hawwe de keningen fan ’e ierde huorke, en de bewenners fan ’e ierde hawwe har dronken sûpt oan de wyn fan har huorkerij. 3En hy brocht my yn ’e geast nei de woestyn. Dêr seach ik in frou dy’t op in skarlekkenread beest siet, fol mei godslasterlike nammen, en mei sân koppen en tsien hoarnen. 4De frou sels wie klaaid yn poarper en skarlekken, en behinge mei goud, kostbere stiennen en pearels; hja hie in gouden beker yn ’e hân, fol mei de groulike ûnreinheid fan har huorkerij; 5op har foarholle stie in namme skreaun, in geheim: It grutte Babylon, de mem fan ’e huorren en fan ’e grouweldieden fan ’e ierde. 6Ik seach dat de frou dronken wie fan it bloed fan ’e hilligen en fan it bloed fan ’e getugen fan Jezus. Ik stie fersteld doe’t ik har seach.
Ut lis fan it fizioen fan ’e hoer
7Doe sei de ingel tsjin my: Wêrom stiesto fersteld? Ik sil dy it geheim útlizze fan de frou en fan it beest dat har op ’e rêch hat, mei de sân koppen en de tsien hoarnen. 8It beest datst sjoen hast, wie der en is der net mear en it sil wer opkomme út ’e ôfgrûn en syn ûndergong temjitte gean; alle bewenners fan ’e ierde waans nammen net sûnt de grûnlizzing fan ’e wrâld opskreaun steane yn it libbensboek, sille fersteld stean, as se it beest sjogge dat der wie en der net mear is en der wer komme sil. 9Hjir komt it op in skrander ferstân oan. De sân koppen binne sân bergen dêr’t de frou op sit, mar it binne ek sân keningen; 10fiif dêrfan binne fallen, ien libbet no, en de oare is noch net kommen: as er komt, mei er mar in koart skoft bliuwe. 11It beest dat der wie en der net mear is, is sels de achtste en dochs is it ien fan ’e sân, mar it giet syn ûndergong temjitte. 12De tsien hoarnen dysto sjoen haste, binne tsien keningen, dy’t noch net oan ’e regearing kommen binne; mar se krije ien oere lang keninklike macht mei it beest. 13Dy binne it mei-inoar iens en jouwe har macht en gesach oan it beest. 14Dy sille it Laam be-oarlogje en it Laam sil harren oerwinne, om’t Er ‘Kening oer alle keningen’ en ‘Hear oer alle hearen’ is, en dy’t Hy roppen en útkard hat en dy’t Him trou bliuwe, sille mei Him oerwinne.
15Doe sei er tsjin my: Dy wetters dysto sjoen hast dêr’t de frou by sit, binne folken en mannichten en naasjes fan alderhanne taal. 16De tsien hoarnen dysto sjoen hast, en it beest, dy sille de hoer komme te haatsjen, se sille har ferlitten meitsje en neaken, se sille har fleis opite en har ferbrâne. 17Want God hat harren ynjûn om syn plan út te fieren, om ienriedich te wêzen en om oan it beest de keninklike macht oer te dragen, oant Gods wurden neikommen binne. 18De frou dysto sjoen hast, is de grutte stêd dy’t it te sizzen hat oer alle keningen fan ’e ierde.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap