Kening en rjochter is de Heare
1De Heare is kening, lit de ierde jubelje,
lit alle kustlannen bliid wêze.
2Wolken en tsjusternis binne om Him hinne,
gerjochtichheid en rjocht skoarje syn troan.
3Fjoer fljocht foar Him út
en ferskroeit de fijannen rûnom.
4Syn flitsen ferljochtsje it ierdryk;
dat sjocht de ierde en bevet.
5Bergen rane foar de Heare as waaks,
foar de Heare fan de hiele ierde.
6De himel ferhellet syn gerjochtichheid
en alle folken sjogge syn gloarje.
7Elk dy’t bylden ferearet, stiet foar skande,
elk dy’t grut giet op ôfgoaden.
Want alle goaden bûge foar Him.
8Sion heart it en is bliid,
de stêden fan Juda jubelje
om jo rjochtspraak, Heare.
9Want Jo, Heare, binne de Heechste oer de hiele ierde
en Jo geane alle goaden fier te boppe.
10De Heare hâldt fan har dy’t it ferkearde haatsje.
Hy hoedet it libben fan syn geunstlingen.
Hy skuort se los út ’e macht fan ’e ferkearden.
11Der daget ljocht foar de rjochtfeardige
en blidens foar de oprjochten fan hert.
12Ferbliidzje jim, rjochtfeardigen, oer de Heare
en loovje syn hillige namme.