De rjochtspraak wurdt wer rjocht
1God, ús wreker, Heare,
God, ús wreker, kom te foare.
2Kom oerein, rjochter fan’e ierde,
jou dy grutske lju har lean.
3Hoelang sille kweaminsken, Heare,
hoelang sille kweaminsken noch wille ha?
4Se smaadzje mar en skuorre de mûle op,
wat fiere se in steil wurd, al dy ferkearden.
5Jo folk, Heare, fertraapje se,
jo erfdiel ferdrukke se,
6widdowen en frjemdlingen fermoardzje se,
weesbern bringe se om hals.
7En dan sizze se ek noch: De Heare sjocht it net,
Jakobs God slacht it gjin acht.
8Jou omtinken, jimme, ûnnoazelen ûnder it folk,
en dwazen, wannear sille jim wiis wurde?
9Dy’t it ear plante hat, soe Dy net hearre?
Dy’t it each makke hat, soe Dy net achtslaan?
10Dy’t de folken teplak set, soe Dy net straffe?
Dy’t minsken learing jout, soe Dy nearne fan witte?
11De Heare wit wat it betinken fan minsken betsjut;
se binne ommers mar in wynpûst.
12Gelokkich de man, dy’t Jo, Hear, ûnder hannen nimme
en yn jo wet beleare,
13om him foar it ûnheil te bewarjen
oant se foar de sûnders in grêf dolle.
14Want de Heare ferstjit syn folk net,
Hy ferlit syn erfdiel net.
15Want rjocht is wer rjocht,
alle oprjochten fan hert hâlde har deroan.
16Wa giet foar my yn ’e pleit tsjin ’e ferkearden
en wa nimt it foar my op tsjin kweaminsken?
17Hie de Heare myn helper net west,
ik wie yn it ryk fan ’e stilte bedarre.
18As ik tocht dat myn foet útglide soe,
jo geunst hâlde my oerein.
19As noed en soarch my besetten,
dan fleuren jo fertreastings my wer op.
20Soe de falske rjochtbank mienskip mei Jo hawwe,
as hja mei de wet yn ’e hân ûnheil bringt?
21Se hawwe it op ’e rjochtfeardige fersjoen,
troch har fonnis wurdt ûnskuldich bloed fergetten.
22Mar de Heare is in stins foar my wurden
en myn God is de rots dêr’t ik taflecht fyn.
23Hy betellet har it kwea werom,
Hy sil har ferdylgje troch har eigen ûnrjocht,
de Heare, ús God, sil har ferdylgje.