De God, dy’t wûnders docht
1In gebed fan David.
Hâld jo ear iepen en antwurdzje my, Heare,
want ik bin earm en ellindich.
2Hoedzje myn libben, ik bin ommers jo geunsteling.
Jo, myn God, op Wa’t ik fertrou, help my dochs!
3Wês my genedich, Hear,
want de hiele dei rop ik om Jo.
4Jou jo feint wer fleur yn it libben,
want al myn langst giet nei Jo út.
5Jo, Hear, binne ommers goed en ree om te ferjaan,
ryk oan geunst binne Jo foar elk dy’t oan Jo ropt.
6Harkje, Heare, nei myn gebed
en jou acht op myn bidden en smeken.
7No’t ik yn it near sit, rop ik om Jo,
want Jo sille my antwurd jaan.
8Under de goaden is der net ien lykas Jo, Hear,
en der is neat dat oan jo wurken ta komt.
9Alle folken dy’t Jo makke ha, sille komme
en foar Jo delfalle, Hear,
en jo namme de eare jaan.
10Want Jo binne grut,
Jo dogge wûnderdieden,
Jo, o God, allinnich.
11Wiis my, Heare, de wei,
dan gean ik, yn trou oan Jo, myn paad.
Jou myn hert ien doel:
ûntsach foar jo namme.
12Ik sil Jo loovje, Hear, myn God, mei myn hiele hert
en jo namme earje oant yn ivichheid.
13Want Jo binne tige goed foar my,
omdat Jo my rêden hawwe út it djippe deaderyk.
14O God, dryste lju komme tsjin my op,
in wrede binde hat it op my fersjoen,
sûnder dat se ek mar oan Jo tinke.
15Mar Jo, Hear, binne in barmhertich en genedich God,
geduldich en ryk oan geunst en trou.
16Kear Jo nei my ta en wês my genedich,
jou jo krêft oan jo feint,
ferlos de soan fan jo tsjinstfaam.
17Jou my in geunstich teken,
dan sille myn haters beskamme stean en sjen,
dat Jo, Heare, my holpen hawwe en treast jûn.