Gebed om de ûndergong fan ’e fijannen
1Foar de dirigint. Op: Ferdjer net. Fan David. In gouden liet. Doe’t Saul it hûs bewekje liet om him te deadzjen.
2Rêd my fan myn fijannen, o God,
beskermje my tsjin myn tsjinstanners.
3Rêd my fan ’e kweaminsken,
bewarje my foar de moardners.
4Want sjoch, se loere op myn libben,
woestelingen sitte achter my oan.
It is myn skuld net, ik haw neat misdien, Heare.
5Bûten myn skuld komme se dêroan en steane op ’e sprong.
Oerein! Kom my yn ’e mjitte! Tink om my!
6O Heare, God Almachtich, God fan Israel,
wurd wekker om alle heidenfolken te straffen!
Sparje har net mei har skandlik ferried.
7Jûns komme se wer oansetten,
as hûnen dy’t jankend yn ’e stêd omstrune.
8Sjoch, hoe’n grutte mûle oft se opskuorre,
se hawwe messen tusken de lippen,
se tinke ommers: Wa soe it hearre?
9Mar Jo, Heare, laitsje om har,
al dy heidenfolken, Jo slane de spot mei har.
10Myn Sterkte, op Jo sil ik acht jaan,
want God is in stins foar my.
11Myn God, waans geunst my yn ’e mjitte komt,
lit my op myn benearders delsjen meie.
12Deadzje se net daliks, dat myn folk it net ferjit,
lit se earst omswalkje troch jo macht,
en lit se dan falle, Hear, ús skyld.
13De sûnde fan ’e mûle, dat is it wurd op har lippen;
lit har fertiisd reitsje yn har eigen grutskens,
om de ferflokkings en de leagens dy’t se der útslane,
14ferniel se yn jo grime, ferniel se,
dat der net ien oerbliuwt.
Dan sille se witte dat God hearsket yn Jakob,
oan ierdryks einen ta.
15Jûns komme se der wer oansetten
as hûnen dy’t jankend yn ’e stêd omstrune.
16Se binne op ’e swerf om iten te finen,
en as se net sêd krije, gromje se.
17Mar ik sil jo macht besjonge,
yn ’e moarntiid oer jo geunst jubelje,
want Jo binne my in stins wurden,
in taflecht yn tiid fan need.
18Myn Sterkte, foar Jo sil ik sjonge,
want God is my in stins,
myn goedgeunstige God.