It riedsel fan de rykdom
1Foar de dirigint. Foar de Korachiten. In psalm.
2Hjir moatte nei harkje alle folken
it yn ’e earen opnimme, alle wrâldbewenners,
3legerein sagoed as hegerein,
riken en earmen mei-inoar.
4Myn mûle sil wize wurden sizze,
it berie fan myn hert is kleare fernimstigens.
5Ik set sels it ear iepen foar in spreuk,
ik lied myn riedsel yn by de liere:
6Wêrom soe ik bang wurde yn dagen fan ûnheil,
al beslûpt my de ferkeardens fan myn fijannen,
7dy’t op har fermogen fertrouwe
en heech opjouwe fan har rykdom?
8In man keapet himsels dochs net frij,
hy kin God de lospriis net betelje;
9te heech is de priis foar syn libben,
hy moat der ôfsjen foar altyd.
10It bestiet net, dat er altyd mar libbet
en neat fan it grêf krijt te sjen.
11Hy sjocht it ommers: wizen moatte stjerre,
de dwaas komt mei de domme om,
syn fermogen lit er oan oaren oer.
12Har grêven binne ivich har wenten,
har wensteden fan âlder op âlder,
al ha se ek lannen nei har nammen neamd.
13De minske fan oansjen bliuwt net yn wêzen,
mar hy is it slachtfee gelyk.
14Dat is it lot fan dy’t op harsels fertrouwe,
dat is de ein fan dy’t grutsk op har wurden binne:
15se steane as in keppel skiep foar it deaderyk,
de dea is har hoeder,
rjochtút rinne se op har grêf oan,
har uterlik tart al wei,
en it deaderyk wurdt wis har went.
16Myn libben lykwols keapet God frij
en Hy rêdt my út ’e macht fan ’e dea.
17Haw gjin noed, as immen ryk wurdt
en de gloarje fan syn hûs tige oanwint,
18want hy nimt neat mei by syn stjerren
en syn gloarje giet net mei yn it grêf.
19Al winsket er himsels ek gelok yn it libben
en al wurdt er ek prize omdat it him goed giet,
20hy komt dochs by syn foarfaars terjochte,
by har dy’t it ljocht nea wer sjogge.
21In minske fan oansjen, mar sûnder ferstân,
dy is it slachtfee gelyk.