Psalmen 43
1Doch my rjocht, o God,
gean foar my yn ’e pleit
tsjin it folk dêr’t gjin trou by is.
Rêd my fan ’e minsken,
dy’t gearhingje fan ûnrjocht en bedroch.
2Want Jo binne de God dêr’t ik taflecht by fyn.
Wêrom ferstjitte Jo my dan?
Wêrom moat ik yn ’e rou omrinne
ûnder de druk fan ’e fijân?
3Stjoer dochs jo ljocht en jo trou,
dat dy my liede meie,
dat dy my bringe nei jo hillige berch
en nei jo wijde wente,
4dat ik by Gods alter komme mei,
by God, dy’t my bliid makket,
en dan jubelje en tankje by de liere,
o God, o myn God!
5Wêrom sa ferbûke, myn siele,
wat makkest dy dochs oerstjoer?
Wachtsje op God,
want ienris sil ik Him dochs wer loovje,
myn eigen Ferlosser en myn God.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap