De stim fan God yn ’e tonger
1In Davidspsalm.
Jou de Heare, himelmachten,
jou de Heare gloarje en krêft,
2jou de Heare de eare fan syn namme,
fal foar Him del yn hillige pronk.
3De stim fan de Heare boppe it wetter,
de geweldige God lit it tongerje,
de Heare boppe it wetterwiid.
4De stim fan de Heare mei alle macht,
de stim fan de Heare yn alle pracht,
5de stim fan de Heare spjalt de sederbeammen,
sels de seders fan ’e Libanon spjalt Er.
6As in kealtsje lit Er de Libanon hippe,
de Sirjon as in jonge bolle.
7De stim fan de Heare sproeit flammen.
8De stim fan de Heare lit de woestyn beevje,
beevje lit de Heare de woestyn Kadesj.
9De stim fan de Heare lit de reeën kealje
en skylt de beammen yn ’e bosk;
yn syn paleis ropt alles: Eare!
10De Heare troanet boppe de floed,
sa troanet de Heare, foar ivich kening.
11De Heare mei krêft oan syn folk jaan,
de Heare mei syn folk segenje mei frede.