Betrouwen en ûnrest
1Fan David.
De Heare is myn ljocht en myn heil,
fan wa soe ik bang wêze?
De Heare is de stins fan myn libben,
fan wa soe ik ferfeard wêze?
2Doe’t kweaminsken my tenei kamen
om myn fleis te ferslinen,
wienen it myn tsjinstanners en fijannen sels,
dy’t stroffelen en foelen.
3Al soe ek in leger my belegerje,
myn hert soe net bang wêze.
Al kaam in slachrige tsjin my op,
dan noch soe ik my wis fiele.
4Ien ding haw ik de Heare om frege
en it bliuwt myn ynlik ferlangst:
dat ik al myn libbensdagen
ferkeare mei yn it hûs fan de Heare,
om de myldens fan de Heare te sjen
en myn moarnsgebed yn syn timpel te dwaan.
5Want Hy hâldt my beskûl yn syn hutte
op ’e kweade dei,
Hy ferberget my achter yn syn tinte
en boppe op ’e rots jout Er my in plak.
6No stek ik de holle omheech
boppe de fijannen dy’t om my hinne binne,
en yn syn tinte sil ik offers bringe mei gejubel;
sjonge en spylje sil ik foar de Heare.
7Harkje, Heare, hoe lûd ik rop.
Wês sa goedgeunstich en jou my antwurd.
8Myn hert hâldt Jo (jo útspraak) foar:
Sykje myn geunst!
Jo geunst, dy wol ik sykje, Heare.
9Kear jo geunst net by my wei,
sko jo tsjinner net yn grime fansiden.
Myn help hawwe Jo west,
ferstjit my net en ferlit my net,
o God dy’t my heil bringt.
10Want al hawwe heit en mem my ferlitten,
de Heare nimt my op.
11Lear my, Heare, jo wei
en lied my op it sljochte paad
om myn benearders te plak te setten.
12Leverje my net út oan it begear fan myn tsjinstanners,
want falske oankleiers steane tsjin my op
en drige mei geweld.
13O, as ik net fertroud hie, dat ik it goede fan de Heare sjen soe
yn it lân fan ’e libbenen ...
14Hoopje op ’e Heare,
wês sterk en lit dyn hert sterk wêze.
Ja, hoopje op ’e Heare.