Lear my de wei
1In Davidspsalm.
Nei Jo, Heare, giet myn langst út.
2Op Jo, myn God, betrou ik; lit my net foar skande stean.
Lit myn fijannen net oer my triomfearje.
3Gjinien fan dy’t op Jo wachtsje, sil te skande stean,
mar slim foar skande steane, dy’t sûnder reden ôffallich binne.
4Doch my, Heare, jo wegen te witten,
lear my jo paden.
5Bewen my yn jo trou en belear my,
want Jo binne de God dy’t my útrêdt;
op Jo wachtsje ik al den dei.
6Tink oan jo barmhertigens en geunst,
want dy binne fan âlds.
7De sûnden fan myn jonge jierren en myn misstappen, tink dêr net oan,
tink oan my yn jo geunst en om jo goedens, Hear!
8Goed en rjochtút is de Heare;
dêrom leart Er de sûnders de wei.
9Dimmenen bewent Er yn it rjocht
en Hy leart har syn wei.
10Alle paden fan ’e Heare binne geunst en trou
foar dy’t har oan syn bûn en ynsettings hâlde.
11Om jo namme, Heare,
ferjou myn skuld, want dy is grut.
12Wa is de man dy’t ûntsach hat foar de Heare?
Hy wiist him de wei dy’t er kieze moat;
13hysels sil it goede genietsje
en syn neiteam sil de grûn hawwe as âlderserf.
14Minsken mei ûntsach foar de Heare binne eigen mei Him
en Hy makket har syn bûn bekend.
15Ik hâld de eagen aloan op de Heare,
want Hy sil myn fuotten út it net skuorre.
16Kear Jo nei my ta en wês my genedich,
want ik bin iensum en ellindich.
17Jou myn benaude hert de romte
en befrij my fan myn eangsten.
18Sjoch nei myn ellinde en muoite
en ferjou al myn sûnden.
19Sjoch hoefolle fijannen ik haw
en hoe slim se my haatsje sûnder reden.
20Hoedzje myn libben en meitsje my frij,
lit my net foar skande stean, want ik skûlje by Jo.
21Earlikens en oprjochtens meie de wacht oer my hâlde,
want ik wachtsje op Jo.
22O God, ferlos Israel
fan al syn benearingen.