Gebed foar de kening
Foar de dirigint. In Davidspsalm.
Mei de Heare Jo antwurdzje wannear’t jo yn need binne,
de namme fan Jakobs God jo ûnferwinber meitsje;
mei Er jo help stjoere út it hillichdom,
jo stipe jaan út Sion wei;
mei Er oan al jo offers tinke,
jo brânoffers goedkarre;
mei Er jaan wat jo hert begeart,
al jo plannen te’n útfier bringe;
meie wy om jo útrêding jubelje,
it findel opstekke yn ’e namme fan ús God;
en mei de Heare al jo smeekjen ferhearre.
No wit ik,
dat de Heare syn messias útrêdt
en him antwurdet út syn hillige himel
mei de machtige heilsdieden fan syn rjochterhân.
De iene giet grut op striidweinen, de oare op hynders –
mar wy, wy geane grut op ’e namme fan de Heare, ús God.
Wat sokken oanbelanget, dy geane troch de knibbels en falle,
mar wy komme oerein en hâlde faasje.
Heare, jou de kening útrêding!
Antwurdzje ús as wy roppe!