Psalmen 14
Gjinien dy’t goeddocht
1Foar de dirigint. Fan David.
Dwazen binne it, dy’t tinke:
Der bestiet gjin God.
Ferdoarn en ôfgryslik binne har dieden,
der is gjinien dy’t goeddocht.
2De Heare sjocht fan ’e himel del op ’e minsken,
oft der ek ien is, dy’t syn ferstân brûkt,
ien dy’t God siket.
3Allegearre binne se ôfwykt,
mei-inoar ûntaarde,
gjinien dy’t goeddocht,
alhielendal net ien.
4Witte dy kweaminsken dan allegear fan neat,
dy’t myn folk fersline
as ieten se brea,
mar de Heare net oanroppe?
5Skielk sille se lykwols alhiel ferbjustere stean,
want de Heare is mids it rjochtfeardige folk.
6Jimme doel mei de ellindigen sil mislearje,
want de Heare is har beskermer.
7Och, dage der fan ’e Sion no mar rêding op foar Israel!
As de Heare foar syn folk de grutte omkear bringt,
dan sil Jakob jubelje,
Israel wille meitsje.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap