Gods grutte dieden
1Halleluja.
Priizje de namme fan de Heare,
priizje Him, tsjinners fan ’e Heare,
2jim, dy’t tsjinst dogge yn it hûs fan ’e Heare,
yn ’e foarhôven fan it hûs fan ús God.
3Priizje de Heare, want Hy is goed,
besjong syn namme, want dy is leaflik.
4De Heare hat Jakob ommers útkard,
Israel as syn eigendom.
5Ik erken dat de Heare grut is,
ús Hear giet alle goaden fier te boppe.
6Wat Er wol, dat docht de Heare
yn ’e himel en op de ierde,
op see en yn alle djipten.
7Hy lit de wolken komme fan ierdrykseinen,
Hy slingeret de wjerljocht troch de rein.
Hy lit de wyn los út syn foarriedkeamers.
8Hy sloech de earstbernen fan Egypte,
de minsken sagoed as it fee.
9Hy stjoerde tekens en wûnders
yn dyn fermidden, o Egypte,
tsjin de Farao en al syn tsjinners.
10Hy sloech machtige folken
en sterke keningen deade Hy:
11Sichon, de kening fan ’e Amoriten,
Og, de kening fan Bazan,
en alle keninkriken fan Kanaän.
12Har lân joech Er as erfskip,
as erfskip oan Israel, syn folk.
13Heare, Jo hawwe in namme foar ivich,
Heare, Jo bliuwe yn oantinken fan âlder op âlder.
14Want de Heare sil syn folk rjocht dwaan.
Hy is barmhertich foar al syn tsjinners.
15De goadebylden fan ’e folken binne sulver en goud,
se binne makke troch minskehannen.
16Se hawwe in mûle, mar prate net,
se hawwe eagen mar sjogge net,
17Se hawwe earen mar hearre net
en se hawwe gjin siken yn ’e mûle.
18Dy’t har makke hawwe, moatte wurde as sij,
en elk dy’t op har fertrout.
19Jimme, Israeliten, priizje de Heare!
Jimme, Aäroniten, priizje de Heare!
20Jimme, Leviten, priizje de Heare!
Dy’t ûntsach foar de Heare hawwe, priizje de Heare!
21Heech te priizjen is de Heare út Sion wei,
Hy dy’t wennet yn Jeruzalem.
Halleluja!