Foar de dirigint. In Davidspsalm.
Hoelang, Heare, sille Jo my al mar wer ferjitte,
hoelang Jo fan my ôfkeare?
Hoelang moat ik soargen yn my omdrage,
fertriet yn myn hert by de dei lâns,
hoelang sil myn fijân oer my triomfearje?
Sjoch skerp ta en harkje nei my, Heare, myn God!
Jou ljocht oan myn eagen, dat ik net yn ’e deasliep sink,
dat myn fijân net sizze kin: ‘Ik bin him oermânsk wurden’;
dat myn tsjinstanners net opsprekke, as ik ûnder fuotten reitsje.
Mar ik, ik lit it op jo geunst oankomme,
myn hert mei jubelje, om’t Jo my holpen hawwe,
ik wol foar de Heare sjonge, om’t Er my goeddien hat.
Je browser ondersteunt geen HTML5 audio.