Psalmen 124
Wy binne ûntkommen
1In beafeartsliet. Fan David.
As de Heare net mei ús west hie,
– moat Israel sizze –
2as de Heare net mei ús west hie,
doe’t minsken ús tenei kamen,
3dan hienen se ús libbensliif ferskuord,
sa heech lôge har grime tsjin ús op.
4Dan hie it wetter ús meisleept,
in floed wie oer ús hinne slein;
5dan wie it wylde wâljende wetter
alhiel oer ús hinne slein.
6Mar heech te priizjen is de Heare,
dy’t ús net oerjoech
as in proai foar har tosken.
7Us libben is ûntkommen as in fûgel
oan it net fan ’e fûgelflapper.
It net is skuord
en wy, wy binne ûntkommen.
8Us helper is de Heare
dy’t himel en ierde makke hat.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap